Twadde edysje fan ‘The Passion Himelfeart’ út Snits en Boalsert wei
Resint ferskynd
The Passion kriget wer in ferfolch mei The Passion Himelfeart. Nei de earste suksesfolle Himelfeart-edysje yn 2022 wolle KRO-NCRV en de Protestantske Tsjerke yn Nederlân mei de oare partners de sjogger fierder yn ’e kunde komme litte mei it ferhaal fan Himelfeart, it ultime ferhaal oer betrouwen. De kommende edysje komt út de Fryske stêden Boalsert en Snits. The Passion Himelfeart is te sjen op tongersdei 18 maaie om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1.

Foto: KRO-NCRV
Nij dit jier is dat The Passion Himelfeart út in oare stêd komt as The Passion mei Peaske, dy’t dit jier yn Harns opfierd wurdt. De Himelfeart-edysje komt út Boalsert en Snits. Petra van den Akker, wethâlder kultuer Súdwest-Fryslân: “Wy fine it geweldich dat wy neist Harns ek gastgemeente wêze meie yn dit spektakel. The Passion Himelfeart wol sjoggers mei it Himelfeartsferhaal ferbine en ynspirearje. Mei it moaie Boalsert en Snits as dekôr sil dat grif slagje. It is foar ús in unike kâns om mei de gemeente Harns oan hiel Nederlân sjen te litten hoe prachtich Fryslân is.”
De earste edysje fan The Passion Himelfeart waard ferline jier mei in protte entûsjasme ûntfongen. Sa’n oardel miljoen sjoggers stimden dêrop ôf. Al sûnt de midsiuwen is Himelfeartsdei in offisjeel erkende kristlike feestdei, al is de betsjutting fan dy dei lang net by elkenien bekend. Reden foar KRO-NCRV om yn gearwurking mei ûnder oare de Protestantske Tsjerke yn Nederlân ek yn 2023 in nije edysje út te stjoeren.
The Passion Himelfeart wurdt útstjoerd op tongersdei 18 maaie om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1. The Passion 2023 wurdt streekrjocht út Harns wei útstjoerd op Wite Tongersdei 6 april om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje