Tsientûzenen minsken nimme drinkskoft

jannewaris 1, 2023 10:52

Mei yngong fan 1 jannewaris nimme wer tsientûzenen minsken in moanne skoft as it om alkoholdrinken giet. Dat dogge se mei help fan IkPas, dy’t de kampanje Dry January organisearet. Dêr wurde de dielnimmers by útdage en holpen om gjin drip alkohol te drinken. By eardere edysjes slagge it 70% fan harren om in moanne lang it drinken te litten.

Troch tydlik gjin alkohol te drinken kriget en hâldt men ynsjoch yn de funksje dy’t alkohol yn jins libben hat. It helpt jin om sels út te meitsjen wannear’t en hoefolle oft men drinkt. Troch minder of gjin alkohol te drinken fielt men jin op ’en doer sûner. Dielnimmers fan IkPas sizze dat it harren jild besparret, in bettere hûd jout, mar belangriker is it positive effekt op hoe’t minsken har fiele. En dat net allinne ûnder de kampanje: mear as de helte fan de dielnimmers fielde him nei in healjier ek noch lichaamlik én mentaal fitter en 55% slepte in stik better.

Tjits Floch is de Fryske ambassadeur en se docht oan de kampanje mei. Har ûnderfiningen binne op Tjits -YouTube te folgjen. Yn Fryslân wurdt de kampanje troch de GGD organisearre, yn ’e mande mei Verslavingszorg Noord Nederland. Op elke earste dei fan ’e moanne begjint wer in nije útdaging fan IkPas. Dêr kinne minsken allinne of mei in groep freonen of kollega’s oan meidwaan. Wa’t meidwaan wol of der mear oer witte wol kin belje nei 088 22 99 222 of maile nei info@ggdfryslan.nl.

 

jannewaris 1, 2023 10:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.