Trump kin meikoarten wer op Facebook en Instagram

jannewaris 27, 2023 08:33

Donald Trump wie twa jier ferballe, mar mei meikoarten wer op Facebook en Instagram. De ferballing fan de Amerikaanske âld-presidint wurdt yn de kommende wiken opheft, hat it sosjalemediabedriuw Meta buorkundich makke.

Foto: Wikipedia/Michael Vadon – CC BY-SA 4.0

Nick Clegg, de Britske âld-vicepremier en tsjintwurdich presidint Global Affairs by Meta, seit dat minsken hearre kinne moatte wat politisy te sizzen hawwe. Trump sil wol yn ’e gaten holden wurde, warskôge Clegg.

Op it stuit dat Trump opnij mei in berjocht regels oertrêdet, sil it berjocht ferwidere wurde en wurdt de âld-presidint ferballe foar in perioade dy’t tusken in moanne en twa jier leit, ôfhinklik fan de swierte fan de oertrêding, skriuwt Clegg. Op it stuit dat Trump wat publisearret dêr’t er net mei yn oertrêding is, mar wol bydraacht oan risiko’s dy’t liede kinne ta soks as de Kapitoalbestoarming, dan kin Meta foarkomme dat oaren de berjochten fan Trump sjogge.

Trump waard yn ’e ban dien nei de Kapitoalbestoarming fan begjin jannewaris 2021. Syn opstokeljende berjochten soene ta it geweld laat hawwe en wiene dêrom in “slimme skeining” fan de regels fan de sosjalemediaplatfoarmen, liet Meta witte. Twitter blokkearre him ek, mar op dat medium waard er, neidat it troch Elon Musk oernommen wie, wer yn genede oannommen.

Eigen sosjaal medium
Trump rjochte nei syn ferballing in eigen sosjalemediaplatfoarm op, Truth Social. Dêr lit er op witte dat Facebook miljarden ferlern hat troch it beslút om him te kearen. “Dat mei in sittende presidint, of wa dan ek dy’t it net fertsjinnet, nea wer oerkomme”, skriuwt er. De 76-jierrige Trump wol takom jier fannijs besykje om presidint te wurden, makke er yn novimber buorkundich.

jannewaris 27, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.