Trouw hat nij taalbelied

jannewaris 25, 2023 13:12

De Trouw, in Nederlânske krante, hat in nij taalbelied. Oardel wike lyn skreau Stevo Akkerman al dat de krante it wurd blank net mear brûke sil foar minsklike hûdskleur, ek net yn ynstjoerde stikken. Hjoed docht de sjoernaliste Wendelmoet Boersema te witten dat Trouw tenei “de Oekraynske spelling” brûke sil.

Dy’t tinkt dat er de Oekraynske ferzje fan it Syrillyske abie leare moat om de Trouw lêze te kinnen, is lykwols mis. Wat frou Boersema bedoelt, is dat har krante plakken, streken, persoanen ensafuorthinne dy’t in Oekraynske én in Russyske namme hawwe, tenei oantsjutte sil mei de Oekraynske namme. Dy wurdt dan wol omstavere nei it Latynske alfabet, dêr’t it Frysk en Hollânsk ornaris yn skreaun wurde. Altemets is it ferskil net mear as in staveringskwestje: de foarnamme fan de Oekraynske presidint wurdt yn it Russysk net oars útsprutsen as yn it Oekraynsk, mar de Nederlânske transkripsje fan de Russyske namme is Volodimir en dy fan de Oekraynske is Volodymyr. Gauris giet it lykwols om mear as stavering: it Russyske Lvov of Charkov heart oars as it Oekraynske Lviv en Charkiv.

De krante is dêrby net konsekwint. It yn it Nederlânske ynboargere Kiev as skriuwwize fan de namme fan de Oekraynske haadstêd bliuwt behâlden. De Oekraynske presidint syn fan wurdt net neffens de transkripsjeregels Zelenskyy, mar in ferienfâldige foarm Zelensky.

De reden foar de beliedswiziging is neffens frou Boersema dat “taal ertoe doet”. De sjoernaliste leit mei foarbylden út wat dat ynhâldt: hja beskriuwt dat it Oekraynsk nei de fal fan de Sovjet-Uny de offisjele taal fan de Oekraïne wurden is, dat it Russysk syn “beschermde status” kwytrekke is en dat de Russyske oerheid bûtenlânske media freget om de Oekraynske nammen te brûken. Fierders fertelt hja dat it brûken fan de Oekraynske nammen in politike kar is, omdat Ruslân “erop gericht [is] het bestaan van Oekraïne als land, cultuur en taal te ontkennen”. Dat is in kromme manier fan sizzen, want “Oekraïne” is fansels wol in lân, mar net in kultuer of in taal. Hja bedoelt nei alle gedachten dat Ruslân it eigene fan it besette buorlân net erkent, dat dat in skande is en dat de parse him dêrtsjin warre moat.

Oft it wier is dat de parse partij kieze moat yn in oarloch, is in kwestje dêr’t net elk gelikens oer tinke sil. It is lykwols al wûnder dat de Trouw fierhinne deselde arguminten net brûkt om bygelyks Fryslân en Burgum te skriuwen. Der is fansels gjin oarloch tusken Fryslân en Nederlân geande, mar it Frysk is lykas it Oekraynsk yn de tweintichste iuw wer in offisjele taal wurden en it eigene fan Fryslân wurdt ek gauris skoudere.

It ûndersteande fotootsje komt út de Trouw fan 14 desimber 2022 en lit sjen dat Hollânske nammen, dy’t yn Fryslân al tsientallen jierren lang ferâldere binne en troch Nederlânske oerheden ek net mear brûkt wurde, by de Amsterdamske krante noch hieltyd mandeguod binne.

jannewaris 25, 2023 13:12
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erik Blauw jannewaris 25, 20:27

    Stevo hat bûter op e hasses. Syn artikeltitel spuit anglisisme: “Het woord blank is niet blanco, het komt met een geschiedenis” – “..it comes with a history”. Amsterdamske juppenbubbel dêr, en dat is ek in anglisisme, om’t der (gelokkich) gjin Fryske term foar is.

  2. Klaas Aaldert van der Veen jannewaris 28, 13:23

    Ik tink dat ik Trouw net mear keapje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.