Tjalling van der Goot: Nulmjitting Frysk yn de rjochtseal nimt it rjocht net serieus

jannewaris 17, 2023 17:43

Advokaat Tjalling van der Goot kreaket in ûndersyk nei it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal dat er op fersyk fan It Nijs beoardiele.

Skôging

Yn de simmer fan 2022 hawwe studinten fan de oplieding Bestjoerskunde fan de Thorbecke Akademy NHL Stenden in ûndersyk dien nei it gebrûk fan it Frysk yn it rjochtsferkear. Dat diene se yn opdracht fan de provinsje Fryslân, de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert. De provinsje hat de útkomsten ein desimber 2022 nei de minister fan Justysje en Feiligens stjoerd. Neffens de provinsje moat it ûndersyk sjoen wurde as in ‘nulmjitting’. De status dy’t de opdrachtjouwers oan it ûndersyk jûn hawwe, is ûnrjochtlik en yn myn eagen sels misliedend. Der blykt yn elk gefal gjin djippe winsk út om it it Frysk yn de rjochtseal yn kaart te bringen en út te wreidzjen.

Eigen foto

Lit my foarop stelle dat ik foarstanner bin fan alle ûntwikkelingen dy’t it Frysk yn it rjochtsferkear befoarderje. In ûndersyk oer hoe faak oft it Frysk brûkt wurdt en wêrom’t Frysktalige minsken yn in rjochtsaak dochs net Frysk prate, moat stipe wurde. Dochs hawwe provinsje, rjochtbank en gerjochtshôf de planke neffens my misslein.

De resultaten wurde dus  as in ‘nulmjitting’ sjoen. Sa’n mjitting betsjut dat it in oersicht jout fan de hjoeddeistige situaasje. Op in letter momint kin nij ûndersyk dien wurde en kin fergelike wurde oft de resultaten feroare, ferbettere of minder wurden binne. De earste fraach dy’t ik mysels steld haw, is wêrom’t in nulmjitting needsaaklik is, benammen om’t yn it ferslach dúdlik wurdt dat de opdrachtjouwers nijsgjirrich binne nei it ferlet om it Frysk te brûken. Is dy fraach net in passearre stasjon? It is ommers krekt dat ferlet wêrom’t it rjocht om Frysk te praten nei Kneppelfreed yn 1951 yn de wet ferankere is.

Sa’n mjitting kin dus net bedoeld wêze om de needsaak fan it gebrûk fan it Frysk yn de rjochtseal yn kaart te bringen. De wet is nammentlik helder: alle ynwenners fan Fryslân hawwe it rjocht om by de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert Frysk te praten. Wat der ek út de saneamde nulmjitting komt, it kin it wetlik rjocht net oantaaste. In strafrjochter yn it NHL Stendenûndersyk seit it sa: “ (Ik wil, Tvdg) graag opmerken (…) dat ik het bijzonder vind dat er een nulmeting wordt gedaan. Rechtzoekenden hebben er recht op om Fries te kunnen spreken en wij moeten het faciliteren; of er nu tien of honderd mensen gebruik van maken, dat maakt niet uit. Je moet gewoon zorgen dat het kan. Wij moeten gewoon zorgen dat we het op orde hebben.” En sa is it.

It wurd nulmjitting is dus misliedend. De resultaten soene bedoeld wêze moatte om te sjen oft der ferbetteringen mooglik binne.

Hawar, de provinsje en gerjochtsbestjoeren hawwe it in nulmjitting neamd en it ek mei dy status nei de minister stjoerd. Dan mei immen ferwachtsje dat der kwalitatyf stevich wurk ferset is. Ik wol en kin neat sizze oer de motivaasje fan de ûndersikers. Hja hawwe fêst goed har bêst dien, mar feit is dat it gjin wittenskiplik ûndersyk west hat. En ek gjin ûndersyk troch professionals. De opdrachtjouwers hawwe fia NHL Stenden in stikmannich twaddejiers HBO-studinten oan it wurk set. Harren wurk leveret net in fundearre dokumint op dêr’t provinsje en gerjochtsbestjoeren de status fan nulmjitting oan jaan wolle.

Ynhâldlik falt der ek in protte te sizzen oer de wize fan ûndersykjen. De studinten beneame sels ek de nedige krityske punten.

Sa binne bygelyks skriftlike (digitale) enkêtes útset by ynwenners fan de provinsje en by meiwurkers fan de beide gerjochten. It konkrete oantal persoanen yn de provinsje dat in antwurd weromstjoerd hat, is net yn it ferslach opnommen. Wol haw ik sjoen dat se har beheind hawwe ta ynwenners fan in pear gruttere stêden. As ik it goed lêzen haw, hawwe 39 ynwenners fan ús provinsje aktyf west troch fragen te beäntwurdzjen. Dat is in ferrekt lyts oantal. Fan de rjochtbankmeiwurkers hawwe 295 (fan de 756) antwurden jûn.

It is bleaun by in digitale enkête. Gjin each-yn-eachkontakten. Dat betsjut dat de respondint it dwaan moast mei de fragen dy’t hy of sy krige. De kontekst is net bekend, der kin gjin taljochting of sokssawat jûn wurde. De studinten sels beneame dat der op dy wize ‘gjin romte wie foar fleksibiliteit’.

De studinten hawwe derfoar keazen om – sa’t se it sels neamden – ek noch djipteynterviews ôf te nimmen. Dat barde ek skriftlik. Der binne twa (!) rjochters dy’t de muoite nommen hawwe om bûten de standertfragen om antwurden te jaan. It wurd ‘djipte’ is mar relatyf, de rjochters krigen acht fragen, dêr’t guon fan net fierder giene as ‘wat is jo memmetaal?’, ‘hoe lang sitte jo yn dit fak?’ en ‘wat is jo funksje?’

Opfallend is dat de fragen oer it Frysk yn de rjochtseal net steld binne oan meiwurkers fan it iepenbier ministearje (IM) en oan advokaten. Benammen dy lêste kategory hat deistich te krijen mei minsken dy’t de rjochtseal fan binne sjogge. Advokaten kinne oanjaan oft harren kliïnten it Frysk behearskje, en kinne ek – sa wit ik út eigen ûnderfining – hiel goed oanjaan dat dy kliïnten Frysk prate wolle en wêrom’t se dat soms dochs net dogge. Troch net mei IM en advokaten te praten, is it ûndersyk foar myn gefoel no mar heal ôf.

Ik gean derfan út dat de studinten fan NHL Stenden harren wurk mei de bêste bedoelingen dien hawwe. De krityk fan my sit him foaral yn de opdracht dy’t de provinsje, de rjochtbank en it gerjochtshôf jûn hawwe. In ûndersyk dêr’t yn socht wurdt nei it ferlet om Frysk te praten liket der hast op dat se twivelje oft it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal rjochtlik is. Sa sil it net bedoeld wêze, mar wêrom dan sa’n ûndersyk?

As it rjocht om Frysk te praten yn it rjochtsferkear serieus nommen wurdt, fertsjinnet dat ek in serieus, profesjoneel en djip ûndersyk. Net in ûndersyk troch twaddejiers hbo-studinten, sûnder in grut oantal respondinten mei ek noch – sa’t de studinten sels sizze – in krappe tiidsplanning. Troch dit ferslach in nulmjitting te neamen en nei de minister te stjoeren, kriget it in status dy’t it Frysk net fertsjinnet.

It ûndersyk makket wol dúdlik dat net elke meiwurker fan de rjochtbank en it gerjochtshôf it Frysk goed machtich is. De studinten jouwe oan dat 32,8% fan de meiwurkers fan de beide gerjochtlike ynstânsjes it Frysk min ferstiet. Gerjochten hawwe mear lokaasjes as Ljouwert en it is my net dúdlik wurden hoefolle fan dy 32,8% yn Ljouwert wurkje. Fansels spilet de Fryske saak foaral yn Ljouwert. In nijsgjirrige fraach is of der rjochters en griffiers op sittingen yn Ljouwert wurkje dy’t it Frysk net goed behearskje. As dat sa is, wurdt gjin rjocht dien oan de wet.

Wa’t de wet earbiedigje wol, moat ek aksje ûndernimme. Ik fyn dat de bestjoeren fan de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert easkje meie dat elkenien op de sitting it Frysk behearsket. Dat moat in hurde funksje-eask wêze. As dat betsjut dat net alle rjochters, griffiers en offisieren fan justysje yn Ljouwert ynset wurde kinne, dan is dat mar de priis dy’t betelle wurde moat om de wet yn de praktyk effektyf te meitsjen. It is net om ’e nocht dat it Frysk as iennichste neist it Nederlânsk in troch it Ryk erkende taal is. Dy status ferget in soarchplicht fan dyselde oerheid. In soarch dy’t net allinnich bestiet út in wetlike ferankering fan it gebrûk fan dizze taal, mar ek út maatregels dy’t it brûken fan it Frysk yn de praktyk befoarderje. As dy maatregels yn de praktyk net ynfierd wurde, moat it mar yn de wet fêstlein wurde.

De nulmjitting Frysk yn de rjochtseal nimt it rjocht net serieus, want

  • studinten yn stee fan professionals,
  • wurkje yn tiidneed,
  • sûnder wichtige prosesdielnimmers ek te ûnderfreegjen,
  • mei in lyts oantal respondinten en
  • mei fragen dy’t wat oan de oerflakte bliuwe.

In serieuze saak fertsjinnet in serieus ûndersyk. Wat dat oanbelanget hawwe provinsje en de gerjochtsbestjoeren it Frysk mei dizze opdracht gjin goed dien.

Tjalling van der Goot is advokaat by Anker & Anker Strafrechtadvocaten yn Ljouwert
jannewaris 17, 2023 17:43
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Sybren jannewaris 17, 18:51

    Hielendal mei iens, en is Thorbecke in wittenskiplik instituut?

  2. Jan Luimstra jannewaris 18, 21:56

    Bin it folslein iens mei Tjalling van der Goot. Hy jout in bysûnder fundeare reaksje op dit ûnderwerp.
    jan-luimstra@ziggo.nl

  3. H. Oftstra jannewaris 19, 08:27

    Taalsuggestjes: … hoefolle fan dy 32,8% OFT [der] yn Ljouwert wurkje. In nijsgjirrige fraach is OFT der rjochters […] wurkje […]

  4. Folkert de Vries augustus 22, 14:36

    By it opstellen fan de funksje-easken giet it al mis.Yn de adfortinsje foar de kommunikaasje-adviseur foar ‘ Leeuwarden culturele hoofdstad’ waerd de behearsking fan it Frysk net iens neamd! …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.