Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

jannewaris 26, 2023 08:54

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris – by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de by de funksje hearrende amtskeat oerlange.

Tialda Hoogeveen ynstallearre troch berneboargemaster Lisanne Hiemstra (foto: Jacob van Essen)

Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, dy’t yn 2020 as earste yn dy funksje beneamd waard. Lida Dykstra naam by deselde gelegenheid, nei trije suksesfolle jierren en mear as 150 skoalbesiten, offisjeel ôfskied fan har ambassadeurskip mei de presintaasje fan har nijste berneboek De Letterfretter. Sy sil har no wer folslein op it skriuwen rjochtsje.

In berneboek foar elkenien
Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”

Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is sjoernalist, redakteur en skriuwer. Om bern entûsjast foar boeken en ferhalen te meitsjen wurke se in jiermannich as Skoalskriuwer oan Fryske basisskoallen. Se skreau ferskate boeken foar bern en folwoeksenen. Koartlyn ferskynde fan har hân Abe en de Aardichman, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. Dêr bringt dy Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten foar ûnder de oandacht fan it publyk en makket dy fan de berneboekepromoasje in bekende aktiviteit.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Gean nei www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.

jannewaris 26, 2023 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.