Taeke Kooistra nimt kop bij damkampioenskip

jannewaris 30, 2023 09:38

Ferslach fan Siebren Dyk

Yn it persoanlik damkampioenskip Frysk spul dat ôfrûne sneon yn Aldegea (SWF) begûn, hat Taeke Kooistra allinnich de kop nommen. De achttjinfâldich âld-kampioen hie tsjin de beide promovendy Dicky van der Meer (Terherne) en Folkert Groenveld (Jutryp) miskien dan wol in maklik programma, mar hy makke ek gjin flaters.

Folkert Groenveld (lofts) tsjin koprinner Taeke Kooistra (foto: Siebren Dyk)

Dat diene de oare favoriten wol, it raarst Jelle Wiersma. Tsjin de altyd taaie Henk Haanstra koe er net rjocht foardiel helje, en doe’t Haanstra eins op in frij ienfâldige wize in daam helje koe, wie it gau dien mei de keapman. De Wommelser sette de saken de middeis wol wer rjocht tsjin Hein de Vries. Dy hie oars earder op ‘e dei hiel knap Marten Walinga op remize holden. Dy syn broer Siebe, ferline jier de revelaasje fan it kampioenskip, liet in heal punt sitte tsjin Folkert Groenveld.

De beide legere klassen hiene bot te lijen fan allegearre ôfsizzingen; in part fan ‘e partijen sil troch de wike noch ynhelle wurde moatte.

Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, earste omloop: Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, M. Walinga  – Haanstra 1-0, S. Walinga  – Van der Meer 1-0, Kooistra – Groenveld 1-0.
Stân: Kooistra 2; M. Walinga en S. Walinga 1,5; Haanstra en Wiersma 1; Groenveld en De Vries 0,5; Van der Meer 0.

Twadde acht, earste omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; twadde omloop: Dijkstra – Bernard Kroon (Blauhús) 0,5-0,5.
Stân: Dijkstra 2-1,5; Kroon 1-0,5; W. Hoekstra, P. Hoogterp, L. Westra en Tsj. Wijbenga 0-0; Kingma 1-0.

Tredde acht, earste omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; twadde omloop: Schaap – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Boelens – F. Wiersma (Easterein) 0-1.
Stân: Schaap 2-2; De Vries en F. Wiersma 1-1; Dyk en K. Wiersma 1-0; Boelens 2-0.

jannewaris 30, 2023 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.