Sybren Singelsma: Tiid ryp foar wet op Frysk én Nederlânsk

jannewaris 30, 2023 13:06

Skôging

Sybren Singelsma (eigen foto)

It net-opfolgjen fan heechlearaar frisistyk Goffe Jensma hat wrachtich in debat op gong brocht oer de hâlding fan de Nederlânske oerheid foar it Frysk oer. Dy hâlding wie al dúdlik mei de swierrichheden om it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal hinne en yn de tiid fan de koroanapandemy kommunisearre de oerheid yn alle talen dy’t yn Nederlân sprutsen wurden, útsein yn it Frysk, wylst dat dochs de twadde rykstaal is. En dan hat de Jongfryske Mienskip ek noch mar ris omtinken frege foar it brûken fan it Frysk op offisjele dokuminten. Mar de hâlding fan de oerheid is dúdlik: it Frysk ynteressearret ús yn wêzen net, mar om ’e leave frede te bewarjen en as it sa útkomt wolle we wol ris in moai gebear meitsje.

Sa slof as Nederlân mei it Frysk is, giet it ek om mei de eigen taal, it Hollânsk. Hoe faak haw ik it yn Brussel net meimakke dat wylst yn de seal Nederlânsktalige tolken oanwêzich wiene, de Flaamske politisy Hollânsk praten, mar de Nederlânske leden harren betsjinnen fan de Nederlânske fariant op Ingelsk. Wylst se tochten dat har taalkennis respekt of twinge soe, wie it tsjinoerstelde meastentiids it gefal. Ien dy’t syn eigen taal – dus kultuer en eigenwearde – fuortsmyt, ropt bûten Nederlân wol fernuvering op mar gjin respekt.

Respekt fan de oerheid foar it Frysk is nedich is om de posysje fan it Frysk te fersterkjen. Moaie prinsipen binne net genôch, it hanneljen fan de oerheid moat yn oerienstimming mei dy prinsipen wêze. Dat is de kearn fan wat yn in taalwet fêstlein wurdt, hoe’t de oerheid de boarger behannelet, yn en oer de taal fan dy boarger.

Want wat hat men oan moaie prinsipen as men om tolken yn de rjochtseal biddelje moat, oan in oerheid dy’t net yn jins eigen taal mei jin praat en lyksa as men de alarmsintrale skillet of mei in gewoane fraach oan it loket komt? Is it net logysker dat prokureurs en rjochters gewoan it Frysk behearskje, dat de alarmsintrale yn Fryslân seit: “Wat kin ik foar jo dwaan/Wat kan ik voor u doen?” en dat men oan it (e-)loket kieze kin yn hokker taal oft men oansprutsen wurdt? En soks net op grûn fan goede wil, mar gewoan omdat it sa heart?

It liket dan ek heech tiid foar in wetlik kader foar it brûken fan it Frysk troch de oerheid yn it ûnderwiis, rjochtspraak, administraasje ensafuorthinne. In wet dy’t soarget foar taalrjochtfeardigens, want sa’n wetlik ramt soarget derfoar dat elkenien gelikense tagong hat ta oerheidstsjinsten. It is in erkenning fan de taal as in folweardige taal en de kulturele wearde dêrfan. In wetlik ramt kin bydrage oan de fersprieding fan de Fryske taal troch dêr oerheidstsjinsten yn oan te bieden en sa it gebrûk dêrfan te stimulearjen. Troch it yn it Frysk oanbieden fan oerheidstsjinsten, kin in wetlik ramt bydrage oan it ferminderjen fan taalefterstân ûnder ynwenners dy’t it Frysk as memmetaal hawwe. Ta eintsjebeslút is in wetlik ramt foar de taal ek in erkenning fan de identiteit fan de Fryske mienskip. Ik haw yn Flaanderen sjoen dat in wetlik kader wol deeglik ferskil makket. It jout de boarger nammentlik rjochten yn stee fan geunsten.

No hawwe we fansels de ‘Wet van 2 oktober 2013, houdende regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal)’ en ik wol neat ôfdwaan oan de positive saken dy’t dy wet opsmiten hat, min of mear as gefolch fan it Europeesk Hânfêst lytse talen. Mar it is net in wet dy’t it gedrach fan de oerheid sterk oarderet of foarskriuwt. It hat wat fan: as jimme sa nedich Frysk prate wolle, dan steane wy as oerheid dat wol ta en as it ús útkomt en net te folle kostet, dan wolle we jimme ek noch wolris yn it Frysk beäntwurdzje. Dat is yn myn eagen wat in ‘fop’wet. It is mear in utering fan goede bedoelingen as in foarskriuwen. Ik tink by in taalwet bygelyks oan in kêst as: De oerheid soarget der yn syn organisaasje op alle nivo’s foar dat de boargers fan Fryslân yn it Frysk kommunisearje kinne mei alle tsjinsten fan de oerheid dy’t yn de (grûn)wet neamd wurde. Mar soks moat fansels fierder ynfolle wurde nei in brede diskusje.

Guon tinke dat it Frysk dan earst yn de grûnwet ferankere wêze moat. Fansels is dat it ideaal, mar as wetlike basis is artikel 1: “Elkenien is foar de wet gelyk” en it ‘Europeeske Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen’ op it stuit genôch.

Yn Nederlân kenne we gjin taalwetjouwing, om’t it nea in polityk tema west hat. It Hollânsk wie in ynstrumint fan de Nederlânske ienheidssteat nei de Frânske tiid: ‘God, Nederland en Oranje’ en it Hollânsk wiene in ienheid en dat fûnen de Nederlanners prima: Hollânsk wie Nederlânsk. Diversiteit? Ho mar!

Mar tiden hawwe tiden. Yn de hoareka yn grutte stêden wurdt meastentiids Ingelsk praat. De mobiliteit fan wurknimmers laat ta in Ingelsktalige elite yn de Rânestêd en it heger en universitêr ûnderwiis wurdt yn it Ingelsk jûn. Der binne fakulteiten dy’t gjin Nederlânske studinten mear hawwe. Sa komt der foar de Nederlânske taal in eigen ‘Frjentsjer’-momint. Fryslân ferlear syn yntellektuele hert mei it sluten fan de universiteit, it Nederlânsk riskearret itselde mei it ferlies fan it brûken fan de taal yn de wittenskip. Dat jout ûngemak. De realiteit is dat de ferhâlding fan it Frysk ta it Hollânsk op de posysje fan it Hollânsk foar it Ingelsk oer begjint te lykjen. It is dêrom no it momint foar in taalwet dy’t de posysje fan de beide rykstalen fêstleit. Soks begjint mei in polityk debat oer wat der yn sa’n wet stean moat. De lêste stimming yn de Twadde Keamer oer de wetlike ferankering fan it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk jout al fêst wat hoop. Allinnich in wat iensume fraksje De Haan wie tsjin. Mar ek de de rest fan Nederlân moat neitinke oer de fraach oft it goed is dat de Nederlânske taal syn status as wittenskiplike taal op de universiteiten ferliest.

De kommende ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten binne in moai momint foar de Fryske politike partijen om de kiezers dúdlik te meitsjen wêr’t se steane. Provinsjale Steaten kieze ommers de Earste Keamer en dan is it wichtich om te witten oft in partij in wet op it brûken fan de (Fryske) taal stipet as dy yn de Earste Keamer op de wurklist komt.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

 

jannewaris 30, 2023 13:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. O.F.T. Westra jannewaris 31, 08:51

    Treflike analyze!

  2. Jan Blogger febrewaris 1, 17:44

    Iens

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.