Subsydzje foar behâld greidefûgelgerslân
Resint ferskynd
As boeren yn greidefûgelgebieten ophâlde, kin wichtich greidefûgellânskip ferlern gean. Alle ynspanningen dy’t dien binne foar greidefûgels geane dan ferlern. Dêrom start der in proef mei in subsydzjeregeling foar it lang behâlden fan dy gebieten.

Foto: Provinsje Fryslân
Yn Fryslân lizze geskikte greidefûgelgebieten foar it grutste part bûten de Natura 2000-gebieten en it Natuurnetwerk Nederland (NNN). De greidefûgels bûten it NNN binne dêrom ôfhinklik fan frijwillige greidefûgelbeskerming en agrarysk natuerbehear. “As in boer ophâldt of grûn ferkeapet, kinne de soms jierrenlange ynspannings foar greidefûgels ferlern gean. Bygelyks as greppeltsjelân flak makke wurdt en op ‘e nij ynsiedde. Dêrmei ferdwynt geskikt greidefûgelgebiet”, seit deputearre Douwe Hoogland.
Yn de Nota Greidefûgels 2021-2030 is opnommen dat it foar it behâld fan de greidefûgels needsaaklik is om in ynstrumint te ûntwikkeljen om wichtige greidefûgelgebieten langjierrich te behâlden. Mei subsydzje wol de provinsje dêr ynfolling oan jaan.
De regeling foarsjocht deryn dat de gebieten de agraryske bestimming hâlde. Dêrnei wurdt it behâld fan it greidefûgelgerslân – en dêrmei ek âld, krûderyk gers, slinken, sleatsjes en greppels – fêstlein yn in tal ôfspraken. It giet bygelyks om it heech hâlden fan de wetterpeilen, it yntakt litten fan de greppelstruktuer fan it lân en beheiningen foar it gebrûk fan pestisiden. De subsydzjeregeling is op frijwillige basis. De grûneigener kriget mei de regeling foar ien kear in bedrach foar it ferminderjen fan de wearde fan de grûn. As de grûn ferkocht wurdt, geane de ôfspraken dy’t makke binne oer op de folgjende eigener. Op dy wize bliuwe de gebieten foar de greidefûgels beholden.
Agrarysk natuerbehear
De subsydzjeregeling is op frijwillige basis. Binnen it Natuur Netwerk Nederland (NNN) kin der net oan dielnommen wurde, omdat de grûnen de agraryske funksje hâlde en net ta natuer omfoarme wurde. De subsydzjeregeling komt neist de subsydzje foar Agrarysk natuer- en lânskipsbehear (ANLb) te stean. Boeren kinne fan beide gebrûk meitsje, al wurdt der net twa kear in bedrach útkeard foar in kwalitative ferplichting dy’t yn beide regelingen stiet.
De provinsje begjint op likernôch hûndert bunder greidefûgellân mei in proef. Dêr is 1,4 miljoen euro foar beskikber út it Europeeske LIFE IP-projekt GrassBirdHabitats. De iepenstelling rint fan 16 jannewaris oant en mei 10 april 2023 en jildt no allinnich foar de greidefûgelgebieten yn Aldeboarn de Deelen, Idzegea en de Greidhoeke. It is de bedoeling om de proef de kommende jierren yn de Aanvalsplan Grutto-gebieten fierder út te weidzjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje