Stefan van der Pal hellet 96.000 euro op mei syn Alvestêdetriatlon

jannewaris 9, 2023 08:23

Stefan van der Pal hat mei syn Alvestêdetriatlon it dûzeljende bedrach fan 96.000 euro ophelle. Dat waard sneontemoarn by it oerlangjen oan stifting Semmy bekend. It jild is ornearre om ûndersyk te bekostigjen foar bern mei harsenstamkanker.

Stefan van der Pal (foto: Marianne Faber)

Stefan van der Pal is de earste persoan dy’t ea de Alvestêdetriatlon folbrocht hat. Yn in goed wike swom er ôfrûne simmer twahûndert kilometer, dêrnei fytste er de tocht en doe lei er de rûte nochris hurdrinnend ôf.

Opbringst 2020
Njonken de € 96.000 nei stifting Semmy giet der ek € 3.000 nei Kika en € 3.000 nei Make-a-wish Foundation. Dy bedraggen hat Van der Pal yn 2020 ophelle. Hy soe yn dat jier de Alvestêdetocht swimme, mar troch koroana moast dat oergean. Mei de bedraggen út 2020 derby hat Van der Pal € 102.000 ophelle.

Sneon 7 jannewaris hat Van der Pal it bedrach oan John Emmerik yn Restaurant Elévé yn Ljouwert oerlange. John is de heit fan Semmy, it jonkje dat yn 2007 yn ’e âldens fan fiif jier oan in tumor yn ’e harsenstam ferstoar. Hy is ek de oprjochter fan stifting Semmy, dêr’t it jild fan de aksje hinne giet.

jannewaris 9, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.