Spanning rint op yn Dútsk doarp Lützerath
Resint ferskynd
De Dútske plysje makket hjoed buorkundich wat de kommende wike yn it doarpke Lützerath yn it Dútske Ruhrgebiet barre sil. It plak, net fier fan Roermond, mei fan de rjochter sloopt wurde foar de oanlis fan in myn fan enerzjybedriuw RWE. Dat bedriuw wol ûnder Lützerath nei brúnkoal grave.

Nei brúnkoal grave (foto: pixabay.com)
It doarp wurdt al goed twa jier troch aktivisten beset, om sa it oanlizzen fan de myn te ferhinderjen. Der steane noch mar in pear huzen en de oarspronklike ynwenners binne útkocht troch RWE, ek eigener fan it doarpke. Neffens it bedriuw is it winnen fan koal needsaaklik foar de enerzjyfoarsjenning. Dútslân is noch hieltyd tige ôfhinklik fan stienkoal, benammen no’t der troch de oarloch yn Oekraïne gâns minder Russysk gas levere wurdt.
Nei alle gedachten begjint de plysje tiisdei mei it ûntromjen fan it doarp en dêrom tsjogge aktivisten út Dútslân en omkriten der just hinne. Snein wiene der neffens de Dútske plysje sa’n twatûzen demonstranten. Nederlânske aktivisten hawwe har ek by it protest oansletten. In Nederlânske organisator ferwachtet dat der letter fan ’e wike sa’n fyftich Nederlanners mei de bus meireizgje sille.
De ûnbidige masines fan RWE hawwe de ôfrûne jierren folle mear doarpkes opslokt. It bedriuw seit dat it leveringskontrakten hat en dus de brúnkoal wol winne moat. Oer in pear jier, yn 2030, hâldt RWE op mei it winnen fan koal yn Dútslân, mar oant dy tiid mei it enerzjykonsern yn Lützerath nei koalen grave, sa is mei de Dútske oerheid ôfpraat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje