Spaanske rjochter lûkt part beskuldigings tsjin Puigdemont yn

jannewaris 15, 2023 20:29

Carles Puigdemont wurdt net langer beskuldige fan rebûljemakkerij. Dat hat de heechste Spaanske rjochter freed útmakke. Puigdemont wurdt noch wol socht foar ferskate minder swiere misdieden.

Puigdemont organisearre yn 2017 as haad fan it Katalaanske regear in referindum oer ôfskieding troch Kataloanië fan Spanje. Doe’t in mearderheid dêrfoar bliek te wêzen, ferklearre er de regio ta in selsstannich lân. Dêrnei moast er flechtsje, om’t de Spaanske oerheid de ôfskieding net erkende en Puigdemont as rebûljemakker beskôge. Dy wennet sûnt dy tiid yn ballingskip yn it Belzelân. Kataloanië waard tydlik út Madrid wei bestjoerd. Dêrnei waarden by ferskate nije ferkiezings hieltyd wer folksfertsjintwurdigings keazen dy’t yn mearderheid foar in selsstannich Kataloanië wiene.

Dat Puigdemont net langer socht wurdt foar rebûljemakkerij – in misdied dy’t delkomt op it meiwurkjen oan saken dy’t de ienheid fan Spanje yn gefaar bringe – hat te krijen mei in beslút fan it hjoeddeiske regear. Dat siket oars as it regear út 2017 in kompromis mei it regear yn Barcelona. Rebûljemakkerij is as misdied út it wetboek fan strafrjocht skrast woarn.

Ferskate Katalaanske ministers krigen lange finzenisstraffen, mar waarden yn 2021 frijlitten, om’t se graasje krige hiene fan de nije minister fan justysje.

Spanje sil op ‘e nij oan it Belgyske regear freegje om Puigdemont út te leverjen. Dat hat it oant no ta wegere. Fierders is op it stuit ûndúdlik oft Puigdemont syn lid-wêzen fan it Europeesk Parlemint him ûnskeinberens jout. De ferwachting is dat in Europeeske rjochter dêr yn febrewaris of maart útspraak oer docht. As Puigdemont ûnskeinber is, mei Spanje him net arrestearje.

jannewaris 15, 2023 20:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.