Sjefs fan Flylân en Teksel siede iten foar Keamerleden, ministers en bestjoerders

jannewaris 22, 2023 08:41 Fernijd

Yn Nieuwspoort yn De Haach waard ôfrûne woansdei it Waaddiner holden, organisearre troch de Stjoergroep Waadprovinsjes, foarôfgeand oan it Waaddebat.

Foto: Jonathan Andrew/Visit Wadden

Sjefkoks Roland Bakker en Robert Buurma fan Restaurant Zuiver op Flylân sloegen de hannen yninoar mei sjefkok Aart Wijker, fan Grand Hotel Opduin op Teksel. Dy Frysk/Noard-Hollânske gearwurking is in gefolch fan it Waadgastronomynetwurk, dat ûnderlinge gearwurking fuortsterket en oanmoediget. Mienskiplik traktearren se de gasten yn De Haach op in menu mei lokale produkten út it Waadgebiet.

Streekprodukten op it poadium
Yn it Waadgebiet is in grut oanbod fan streekprodukten. Sawol by de kust lâns, yn en oan see en op ’e eilannen. Der wurdt hieltyd mear gearwurke om kulinêr toerisme mei in minimale ekologyske fuotleast te stimulearjen. It programma ‘Waadgastronomy sterket Wrâlderfgoedbelibbing fuort’ hat as doel: waadgastronomy ûntwikkelje dêr’t de útgongspunten fan it wrâlderfgoed by respektearre wurde. It fiifjierrige programma is in gearwurkingsferbân tusken de Stichting Waddengroep, NHL Stenden en Visit Wadden.

Op it menu
It Waadmiel is basearre op seizoensprodukten út it hiele Waadgebiet en is ta stân kommen troch it gearwurkjen fan sjefs en produktmakkers fan de eilannen en Waadkust. De sjefs hawwe in brede gearwurking opset om sa út it hiele gebiet wei de gasten in kulinêre Waadbelibbing te jaan. Op it menu steane ûnder oare in panna kotta fan Tekselske knolselderij en seeslaad, Fryske seewiergeitetsiis, Tekselske bytsjes en gearde Waadsee-oester. As neigesetsje krigen de gasten sappe (hangop) fan Wieringen yoghert mei dúndoarnkrêm, lamsearhuning en flakes fan Fryske sûkerbôle.

Foto: pixabay.com

Waadkeuken fierder útdrage
By it miel hawwe Ernst Jonker, senior dosint/ûndersiker duorsumens by Hotel Management Skoalle fan NHL Stenden en Annette van Ruitenburg, bestjoerslid fan Stichting Waddengroep en ynhâldlik koördinator fan it programma ‘Waadgastronomy fuorsterket Wrâlderfgoedbelibbing’ oer de ambysje praat. “Wy wolle de gasten net allinnich priuwe litte wat it Waad te bieden hat, mar harren ek witte litte dat wy as gebiet in protte te bieden hawwe op kulinêr mêd. Wy wurkje in protte gear, op in duorsume manier mei lokale produkten. It Waad wurdt sa in reden om te reizgjen.

Der wurdt wurke mei behâld fan de natuerwearden fan it Wrâlderfgoed, foar de kommende generaasjes nasjonale en ynternasjonale besikers. Oan ’e hân fan it menu wurde de ambysjes en wurkwizen yn it gebiet oantsjut.

jannewaris 22, 2023 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.