Simone Djurrema: Waarmte en wyld

jannewaris 7, 2023 08:14

Kollum

Ik kin mei gjin pinne (of kompjûter) beskriuwe hoe bliid oft wy binne dat we in pear jier lyn net foar in waarmtepomp op stroom mar foar sintrale ferwaarming op hout keazen hawwe. Wy hawwe sokke prachtige stille dagen hân dat der moai wat snie lei en de sinne skynde, mar dat it kwik oerdeis wol oant -10 graden sakke. Bûten is it dan prachtich, al moat men net te lang stil stean, mar binnen moat der aardich stookt wurde.

Ik haw in glûpende hekel oan kjeld; hast elkenien dy’t my ken, wit dat. Mar wy stoke derop los en hawwe net kâld west, sels net doe’t it hjir nachts -18 graden wie. Dat Hindrik dêr dagen en wiken foar oan it skuorren west hat, en ús soan ek noch wol, mei dus ek wol efkes neamd wurde. Want as men it hout net út ’e bosk hellet, net seaget en kleaut, mar keapet, ja dan kostet it noch in kapitaal, want de prizen fan kachelhout binne op in protte plakken wol ferdûbele. Foar guon houtkachels binne wachttiden oant septimber!

Der binne Sweden dy’t it mei de hege enerzjyprizen fan hjoed-de-dei like min hawwe as in protte minsken yn Nederlân. Us lannen lykje wat dat oangiet dochs wol opinoar. Krekt sa’t Nederlân gas oan it bûtenlân goedkeaper ferkeapet as oan de eigen boargers, dogge de Sweden dat mei stroom. Op Facebook seach ik guon yn Mellerud dy’t yn ‘e hûs mei 13 graden sieten! Oft dat no wie omdat se it net betelje koene of omdat de hierbaas syn saakjes net op oarder hie, wit ik net, mar beide kearen fyn ik it net normaal. Wy libje yn in moderne tiid dêr’t neffens my elkenien tagong hawwe moat ta basisfoarsjenningen as iten, in dak boppe de holle en waarmte.

Boppedat wenje wy yn Sweden. Sels by ús, dêr’t it lang sa kâld net is as dat in protte yn Fryslân tinke, kin it bêst wolris snije en frieze. Dat de oerheid aloan wer de lege temperatuer en de gefolgen fan it foartidich sluten fan kearnsintrales of de finansjele gefolgen fan EU-kontrakten om stroom nei it bûtenlân te ferkeapjen net oankommen sjocht, dêr kin ik net by. Mar wy binne tankber dat wy der yn alle gefal waarm by sitte.

Waarme hannen hawwe we ek! Ik wie in pear jier lyn ris op in merk dêr’t se moffen fan elandelear mei in binnenkant fan skieppewol ferkochten. Doe twivele ik noch, mar doe’t ik se dit jier wer seach, hapte ik ta! Dat soe in moai jierdeikadoke foar Hindrik wêze. Ik wie foar myn wurk op de merk as blinebegelieder, en doe’t ik begûn te sykjen nei Hindrik syn mjitte koe ik dy earst net fine.

“No, dan nimst dochs dy fan lammelear!” sei de frou dy’t ik begelied.
Fansels net! Elandelear moast it wêze!
“Wat is dêr no sa bysûnder oan!” woe se witte.
Se hat wolris wat muoite om har yn in oar te ferpleatsen. Se begrypt net dat wy, as net-Sweden, dat just hiel bysûnder fine!
De makker kaam noch mei in pear yn ‘e goede mjitte earne efter de tafel wei en ik wie de kening te ryk! Foar mysels slagge ik der net yn om myn mjitte te finen, dat ik keas lammelearen moffen. Ik wie nea sa wei fan moffen mei allinnich in tomme, mar as it hiel kâld is, en soms is it dat, is it wol moai om sokke moffen te hawwen. En dizze geane nea wer te’n ein!

In eintsje fierderop ferkochten se woarstjes fan ferskillende soarten wyld. No hawwe wy al ree, hart en wyld swyn iten, mar hjir wiene ek woarstjes fan bearefleis! Ik moat altyd alles besykje, dat ik knypte de eagen ticht foar de priis en kocht foar fiersten te folle jild trije skiterige woarstjes dy’t yn in holle kies passe.
“Myn man kin der wol hielendal wyld fan wurde!” sei ik. “Moffen fan elandelear en woarsten fan bearefleis, it is allegearre wyld mei-inoar!”

It wie noch in pear wike foar Hindrik syn jierdei en der wie kâld waar op til, dat doe’t ik thús kaam frege ik him oft er syn kadoke al hawwe woe. Hindrik hâldt net fan ferrassingen, dat hat er nea dien salang as ik him ken. It komt him ek nea sa krekt mei in dei earder of letter foar in jierdei, dat soks koe ik wol freegje, want ik woe sels myn moffen brûke yn it kâlde waar dat deroan siet te kommen! Mar foar de earste kear yn syn libben:
“Nee, ik fyn it wol aardich om it as ferrassing op myn jierdei te krijen.” Werklik wier! No ynienen wol!

Wy hawwe de woarstjes wol opiten.
“Fynst se wol lekker?”
“Jaaawol.”
“Ja, mar fynst it wol grappich dat se fan bearefleis binne?”
“Jaaa, it binne krekt BiFi woarstjes, it wie it net echt wurdich.”
No, ik fûn der eins neat oan, dat ik begriep wol dat er wat lau klonk. It hoecht foar my yn alle gefallen net wer. Mar ja, dan hat men ek ris in kear bear iten, of net!

Myn moffen haw ik mar gewoan brûkt yn ’e kjeld, en hy sei neat. Soms seit er ek neat wylst er it wol sjocht, mar op syn jierdei fan ’e wike krige er lang om let syn moffen.
“Hast wol sjoen dat ik ek al in wike of wat sokken haw?”
“Nee, dêr ha ‘k neat fan sjoen.”
“Wat fynst derfan?”
“Lekker waarm.”
“Ja, mar fynst se wol moai, en dan foaral dat se fan elandelear binne?”
“Ja…. wis wol.” Stilte.

Ja, men kin de Fries wol út Fryslân helje, mar Fryslân net út de Fries…
En kâlde hannen hoecht er net mear te krijen.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
jannewaris 7, 2023 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.