Roeirêdingboat mei hynders is tenei ymmaterieel erfgoed
Resint ferskynd
It te wetter litten fan de roeirêdingboat op Skylge is yn ’e list fan ymmaterieel erfgoed yn Nederlân opnommen. Dat is op fersyk fan de stifting Museumrêdingboat Skylge.

Foto: Jan Heuff/Stichting Museumreddingboot Terschelling
De tradysje gie hast ferlern, mar tanksij donaasjes en frijwilligers wurdt op Skylge sûnt 2012 fjouwer kear jiers in roeirêdingboat troch hynders en roeiers oer de dunen lutsen en fia it strân yn see litten. Op syn meast tsien hynders, tsien roeiers en in skipper binne nedich om de rêdingboat Secretaris Schumacher yn see te lûken.
Skipbrekkelingen
De roeirêdingboat út 1900 is it iennige operasjonele eksimplaar yn Nederlân. Eartiids waard dy brûkt om skipbrekkelingen te rêden, tsjintwurdich inkeld noch om de tradysje yn eare te hâlden.
Underwilens steane mear as twahûndert Nederlânske brûkmen en tradysjes op ’e list mei ymmaterieel erfgoed. Fan de Yndyske rystafeltradysje oant de blommekorso’s. De status is in erkenning fan it Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed en hat as doel om it erfgoed te beskermjen.

Foto: Stichting Museumreddingboot Terschelling

Foto: Stichting Museumreddingboot Terschelling
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje