Publykslûker Machu Picchu yn Perû ticht fanwegen politike ûnrêst
Resint ferskynd
De Perûaanske oerheid hat de wichtichste toeristyske attraksje fan it lân, Machu Picchu, sletten. De oerheid is bang dat toeristen dy’t nei de eardere Incadelsetting wolle wat oerkomt. Perû hat te krijen mei fûle protesten tsjin it regear, dêr’t sûnt foarige moanne mear as fyftich deaden by fallen binne.

Machu Picchu (foto: Wikipedia/Audrey Sel – CC BY-SA 2.0)
Net allinne de ruïne yn ’e bergen mar ek de kuierpaden dy’t nei Machu Picchu liede binne ticht. Yn elts gefal 400 minsken, mei dêrûnder 300 bûtenlanners, binne no yn it tichteby lizzende doarp Aguas Calientes strâne. De Perûaanske minister foar Toerisme seit dat de besikers net fuort kinne om’t de spoarline yn it doarp troch demonstranten skansearre is. De strâne toeristen wurdt frege har foar evakuaasje te registrearjen. Guon groepkes reizgers soene evakuaasjes net ôfwachtsje wolle en al te foet op paad wêze nei it doarp dêr it tichtste by, dat oansletten is op it wegenet, in kuier fan yn op syn minst seis oeren.
Yn desimber kamen ek al hûnderten toeristen by Machu Picchu fêst te sitten fanwegen de rebûlje yn it suden fan Perû. Doe hiene demonstranten de spoarline op ferskate plakken mei stiennen blokkearre. De aksjefierders easkje dat presidint Boluarte opstapt en dat âld-presidint Castillo út de finzenis frijlitten wurdt. Hy waard begjin desimber ôfset om’t er it parlemint ûntbine woe, om sa just ôfsetting foar te kommen. Koart dêrnei waard Castillo oanklage foar rebelly. Dat late ta grutte lilkens by syn oanhingers, dy’t sa gau mooglik nije ferkiezingen wolle. Boluarte hat al tasein de ferkiezingen fan 2026 nei foaren te heljen nei 2024.
Needtastân
Op it stuit jildt yn ferskate regio’s fan Perû en yn de haadstêd Lima de needtastân. Dêr wie de ôfrûne dagen opskuor tsjin de presidint. Oardertroepen moasten triengas ynsette om de demonstranten útinoar te driuwen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje