Provinsjale Steaten komt gear yn Holwert

jannewaris 31, 2023 11:02

Woansdei 1 febrewaris komme de leden fan Provinsjale Steaten gear yn Holwert. Fan 19 oere ôf is de gearkomste fysyk yn MFA De Ynset en streekrjocht fia www.smashvisuals.nl/livestream te folgjen.

Holwert (foto: Wikimedia Commons/Jan Dijkstra – publyk domein)

“It is altyd al wichtich dat Provinsjale Steaten sichtber binne yn de provinsje. Ek as we yn Ljouwert binne. In ûnderwerp as Holwert oan See lient him dêr by útstek foar om it gebiet yn te gean en dêr dan ek dizze gearkomste fan ‘e Steaten te hâlden. Dizze kear yn Holwert dus”, seit Wiebo de Vries, de vice-foarsitter fan Provinsjale Steaten.

Dizze gearkomste is in saneamde byldfoarmjende kommisje. Steateleden sammelje dan ynformaasje oer in ûnderwerp. Belanghawwers kinne dêr ynsprekke. Ferskate ynsprekkers hawwe har al oanmeld. Publyk is wolkom.

jannewaris 31, 2023 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.