Poëzywike yn Fryslân

jannewaris 23, 2023 08:35

Fan 26 jannewaris oant en mei 1 febrewaris is it yn Nederlân en Flaanderen Poëzywike. Yn Fryslân wurde ek ferskate aksjes en aktiviteiten organisearre om poëzy te fieren. It tema fan de Poëzywike is dit jier ‘freonskip’.

Foto: Lucas Kemper

Sûnt 2000 is der ein jannewaris alle jierren ekstra omtinken foar poëzy. It byhearrende Poëziegeschenk is dit jier skreaun troch Mirjam Van hee en Hester Knibbe. Lêzers krije it kado yn de boekhannel as se € 12,50 besteegje oan poëzy. De Poëzywike is oanlieding foar ferskate aktiviteiten om dichters en gedichten hinne.

Yn Fryslân organisearje ûnder oaren literêr tydskrift Ensafh, de jonge skriuwers fan Meeuw jonge teätermakkers en Explore the North, stifting Bildts Aigene, Podium Gorter, de biblioteken, boekhannel Van der Velde, stichting Art Connection, Dichter bij Leeuwarden, Afûk en Tresoar aktiviteiten yn de Poëzywike.

De aktiviteiten yn Fryslân binne te finen op poezieweek.com/activiteiten, sykje op it trefwurd ‘Friesland’.

jannewaris 23, 2023 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.