Pieter van der Zwaag nije streekdichter Noardeast-Fryslân
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
Fiering Gedichtedei Dokkum
Op Gedichtedei 2023 wurdt Pieter van der Zwaag befêstige as streekdichter fan Noardeast-Fryslân. De ynauguraasje is op tongersdei 26 jannewaris om 16.45 oere yn de Froedskipsseal fan it stedhûs oan De Syl yn Dokkum.

Pieter van der Zwaag (eigen foto)
Pieter van der Zwaag (65) wennet yn Assen, mar hat syn woartels op ’e streek, yn Eastrum om krekt te wêzen. Yn syn wurk lit er him ynspirearje troch de leafde, de natuer en muzyk. As nije streekdichter nimt er de pinne oer fan Geart Tigchelaar, dy’t it amt de ôfrûne twa jier beklaaide. Van der Zwaag debutearret op Gedichtedei as streekdichter mei in gedicht op it tema freonskip. Yn neifolging dêrfan sille yn 2023 en 2024 noch sân oan (streek)tema’s wijde gedichten fan syn hân ferskine.
Op de gearkomste presintearret Tigchelaar syn nije gedichtebondel. Johannes Keekstra en Warner Banga drage ek foar út eigen wurk. Onno Loonstra, Ronnie Koop en Henderikus Lalkens soargje foar de muzikale omlisting.
Ynrin fan 16.30 oere ôf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje