Pieter de Zwart: Fryslân op achterstân troch kaartflaters
Resint ferskynd
Skôging

Apple Maps
Yn desimber hat Apple in nije update foar de kaartapplikaasje Apple Maps útbrocht. Spitigernôch hat dy update foar in soad flaters soarge. Hast alle Fryske plaknammen binne no ferkeard stavere, wylst se earst wol goed skreaun wiene. Suwâld wurdt no bygelyks skreaun as “Suawoude” en Bitgummole as “Beetgumermolen”. Dy flaters foarmje in gigantysk probleem, omdat it foar minsken dy’t Apple Maps brûke no net mooglik is om fatsoenlik troch Fryslân te navigearjen.
Ik ha de flaters ferskate kearen trochjûn, mar Apple liket net ynteressearre yn it oplossen fan it probleem. It is ûnakseptabel dat Apple wegeret om de flaters te korrizjearjen. Dat út ’e hichte op jin delsjen is in ûnferskillige hâlding foar Fryslân oer.
Yn myn ientsje kin ik fansels mar in bytsje. Dêrom rop ik jim as lêzers fan dit berjocht, en spesifyk de brûkers fan Apple Maps, op om de flaters yn de app te melden en sels op alle mooglike wizen mei Apple kontakt te sykjen. Lit dúdlik witte dat wy net akseptearje dat Apple de plaknammen yn Fryslân ferkeard skriuwt.
Spitigernôch is Apple Maps net unyk yn dy ergerlike problematyk. By TomTom is it like slim (suver noch minder) en Google Maps is ek lang net perfekt. Waze is in positive útsûndering; dy hat alle plaknammen goed skreaun. It stiet de Waze-mienskip te priizgjen dat dy him pro-aktyf ynset foar in kaart dy’t altyd by de tiid is.
Werom nei myn punt. De gigantyske flaters yn hast alle populêre navigaasje-apps sette Fryslân op in grutte achterstân. Bedriuwen binne minder goed te finen en toeristen hawwe argewaasje fan it feit dat de nammen op harren skerm fan de werklike nammen op de buorden ôfwike.
Us provinsjale en nasjonale oerheid hawwe yn dizze kwestje ek in ferantwurdlikheid en it wurdt heech tiid dat se dy nimme, want it is yn it belang fan alle boargers dat soks basaals as in kaart doocht. De oplossing is hiel ienfâldich: ferplichtsje kaartebouwers ta it brûken fan de offisjele plaknammen út de “Basisregistratie Adressen en Gebouwen” fan de Ryksoerheid en lis wetlik fêst dat de offisjele nammen út dat systeem as Nederlânsk beskôge wurde moatte. Dan binne we hooplik ek ris ôf fan dat gebliksem mei minsken dy’t miene dat se yn it Nederlânsk nammen brûke moatte dy’t al goed tritich jier net mear besteane.
Bêste De Zwart,
Soks hat benammen mei de minsken by TomTom te krijen.
Lokkigerwize bringt de ANWB jo altiten yn twa talen teplak! Mar ek dêr hat TomTom de KAART ferprutst.
Bêste minsken,
Lis dizze klacht by de provinsje del. Ien e-berjochtsje folstiet!
In folslein oersjoch fan alle flaters: https://dezwart.frl/Apple%20Maps%20misspellings%20v1.0.pdf
Kreas oersjoch. Hast in idee hoe oft ‘Grou en omstreken’ der yn kaam is? Dy is wol hiel nuver.
@Gauke ik soe it net witte. It is in tige spitige ûntwikkeling, want Apple hie alle nammen earst goed skreaun.
Facebook is ek in ramp Hurdegaryp wurdt Hardegarijp en sa alle plaknammen
Bêste Terpstra,
Oan dy klacht fan jo wurdt sûnt in pear moanne troch de provinsje wurke!
Beste lêzer
Yn ien fan de eardere ôfleveringen fan It Nijs seach ik it fersyk om in Fruske namme te betinken foar it bist Wandelende Tak. Mar ik kin die ôflevering net fine.
Dêrom myn fersyk om myn foarstel “Swalkerstûke” troch te jaan.
Tige tank yn ‘t foar,
Ronald Reuderink
Havelte
e-mail: rwr@deds.nl
@Reuderink. Ik haw faaks itselde artikel lêzen, mar dan yn Út ‘e Smidte fan de Fryske Akademy.