Pier Bergsma: Pubers, Bogerman en Gomarus
Resint ferskynd
Kollum

Socrates yn it Louvre, Parys
Boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 2.5
Op 13 novimber 1618 iepene dominy Bogerman út Ljouwert de Synoade fan Dordrecht. Dy tsjerkegearkomste duorre oant maaie 1619. Ien fan de wichtichste besluten wie de bibeloersetting: de Statenvertaling, dy’t yn 1637 klear wie. Bogerman hat bydroegen oan de oersetting fan it Alde Testamint. De reden foar de gearkomste wie in oare. Der wiene destiids twa heechleararen oan de Universiteit fan Leiden – Arminius en Gomarus – dy’t mei-inoar strieden oer hoefier oft Gods almacht gie.
Neffens Gomarus wie God almachtich en wiene syn besluten ûnôfhinklik fan it dwaan fan ’e minske. Sa hie Er yn syn ûnbegryplike wiisheid al foarút bepaald wa’t rêden wurde soe en wa net. Arminius wie fan betinken dat soks betsjutte soe dat minsken as willeaze wêzens libje kinne, it makke gjin ferskil foar it ivige libben. Arminius wie fan betinken dat minsken har eigen ferantwurdlikens hiene. Under lieding fan foarsitter Bogerman wûn Gomarus de slach.
De fraach hoefier’t de minsklike ferantwurdlikens rint, is ek yn ús tiid in aktueel tema. Boeken as Wij zijn ons brein fan Dick Swaab of De vrije wil bestaat niet fan Victor Lamme binne yn grutte oantallen ferkocht. It idee fan dy beide skriuwers is dat men mar in part kontrôle hat oer jins besluten.
Selskontrôle is net in sterk punt by pubers.
Wy hawwe yn Fryslân twa skoallen foar fuortset ûnderwiis dy’t de nammen fan de neamde ortodokse dominys drage. It Bogerman College yn Snits en it Gomarus College yn Ljouwert. Ik tink net dat de learlingen fan Bogerman en Gomarus har dwaande hâlde mei de teologyske kwestje fan de santjinde iuw. Mar de fraach yn hoefier’t minsken ferantwurdlik steld wurde kinne foar har eigen dieden, is ek foar dy jonge minsken nijsgjirrich. Swaab skriuwt yn syn boek ûnder oare oer puberharsens.
Hy begjint dat haadstikje mei in sitaat:
“Onze jeugd heeft tegenwoordig een sterke hang naar luxe, heeft slechte manieren, minachting voor het gezag en geen eerbied voor ouderen. Ze geven de voorkeur aan kletspraatjes in plaats van training…. Jonge mensen staan niet meer op als een oudere de kamer binnenkomt. Ze spreken hun ouders tegen, houden niet hun mond in gezelschap, (…) en tiranniseren hun leraren”. Dat sei Socrates (470 – 399 foar Kr. )
No hat Swaab net in soad op mei teologen as Bogerman en Gomarus, mar hy is der wol fan oertsjûge dat pubers net genôch kontrôle oer harren eigen libben hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje