Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

jannewaris 20, 2023 08:44 Fernijd

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan havo-top (Burgum) en vwo 5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju. In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit.

Foto: Afûk

“Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat dy de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net”, seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Der wie ek in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien der wat oan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Foto: Afûk

Op havo-top en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei jongelju út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan skriuwûnderwiis dat doel hat.

jannewaris 20, 2023 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.