Ofbou gebrûk pestisiden

jannewaris 11, 2023 10:08

Foto Shutterstock, boarne: Prov. Fryslân 

De provinsje Fryslân hat in plan fan oanpak opsteld om te stimulearjen dat der minder bestridingsmiddels brûkt wurde. It giet ûnder oare om bewustwurdingskampanjes, test- en eksperimintearromte foar boeren en lobby foar it goedkarren fan alternative bestridingsmiddels. Dêrmei jouwe Deputearre Steaten útfiering oan in inisjatyffoarstel fan GrienLinks, SP, D 66, PvdD, PvdA, FNP en 50PLUS.

It inisjatyffoarstel ‘Naar een schone en gezonde leefomgeving: afbouw gebruik van pesticiden in Fryslân 2021-2030’, waard yn septimber 2021 troch Provinsjale Steaten oannommen. Der wurde in protte middels brûkt om ynsekten, ûngedierte, skimmels en net-winske planten te bestriden. Al binne se faak wetlik tastien, guon bedriigje de kwaliteit fan wetter, boaiem en loft en de planten en bisten dy’t dêryn libje. Doel fan it inisjatyffoarstel is it yn gong setten fan in beweging om it brûken fan dy middels ôf te bouwen. Der is gjin sprake fan twang. Deputearre Steaten hawwe der in plan fan oanpak foar fêststeld. Deputearre Douwe Hoogland: “It pakket fan maatregels moat bewustwêzen kreëarje oer it brûken fan pestisiden. De provinsje wol der de ôfbou fan it brûken fan dy middels mei stimulearje en fasilitearje.”

Maatregels
In kampanje makket ynwenners en bedriuwen bewust fan de effekten fan pestisiden. Der wurde petearen op gong brocht tusken boeren en omwenners. Boeren krije test- en eksperimintearromte, sadat op lytse skaal nije techniken en alternative middels útprobearre wurde kinne. De provinsje spant him dêrneist yn foar de goedkarring fan adekwate alternative bestridingsmiddels en lit sjen wat wol of net duorsum is. It doel is om yn 2030 op de provinsjale lânbougrûn (sa’n 40 bunder) gjin pestisiden mear te brûken.

Utfiering
Mei alle maatregels wurdt yn 2023 in begjin makke. Nei twa jier wurde se evaluearre en beslút de provinsje oer in ferfolch oant en mei 2030. Foar it útfieren fan it plan fan oanpak is sa’n € 700.000 euro beskikber. It ôfbouwen fan pestisiden past by de Europeeske Green Deal en slút ek oan by provinsjale programma’s as Kaderrichtlijn Water, Regiodeal natuur inclusieve landbouw, it boaiembelied en it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân.

jannewaris 11, 2023 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.