Oersetwedstriid liet Randy Newman

jannewaris 4, 2023 18:01

Lykas yn oare jierren hawwe wy yn it desimbernûmer fan DE NIJE in oersetkriich fan in Ingelsk liet. Wy nimme dizze kear ien fan de lieten fan Randy Newman. Dat is mei bedoeld as in earbetoan oan him. Newman hat prachtige nûmers skreaun en songen. Hy wurdt dit jier tachtich en komt nei Europa foar in konserttoer û.o. yn Berlyn en Bremen en op 7 febrewaris yn de Oosterpoort yn Grins. De kaarten dêrfoar binne al lang útferkocht. 

Op grûn fan inkelde reaksjes is de opdracht breder wurden! De ynstjoerders kinne no kieze út ien fan de folgjende nûmers:

  • Birmingham,
  • My old Kentucky home
  • Sail Away

Wy tidigje op sjongbere oersettingen dy’t de struktuer fan it liet oanhâlde, mar mei it ferhaal nei Fryslân oerset. Fierder binne de oersetters frij yn harren ynterpretaasje. De oersettingen meie yn it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk of Nederlânsk skreaun wêze. Der binne trije teäterbonnen te winnen: haadpriis € 150, 2e priis € 100, 3e priis € 75.  

Randy Newman oan it repetearjen mei it Rotterdamsk Fylharmoanysk Orkest, op 23 augustus 1979. Boarne: Nederlânsk Nasjonaal Argyf

Der is wat mear tiid beskikber as yn DE NIJE stiet. Ynstjoeringen moatte foar 19 febrewaris by denije@itnijs.nl binnen wêze. Se wurde anonym hifke. Om de útslach hinne wurdt op sneintemiddei 19 maart in feestlike lietemiddei op Stania State yn Oentsjerk organisearre. Dat sil oars, better en dúdliker organisearre wurde as ferline jier. Wy moasten it doe spitigernôch in pear kear ferskowe yn ferbân mei Covid.  

DE NIJE is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging. Lês hjirre mear oer de lêste jefte.

Redaksje DE NIJE

jannewaris 4, 2023 18:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.