Oekraïnelêzing troch Hubert Smeets en pref. Joris Voorhoeve op 26 jannewaris

jannewaris 11, 2023 08:24

Hubert Smeets (foto: Olga Frantova)

Foargeande jierren waard ein jannewaris de Epo van Douma-lêzing fersoarge troch in promininte Nederlânske sprekker. Dy lêzing yn de Doarpstsjerke yn Huzum, Ljouwert, kriget dit jier in bysûnder karakter en hat dêrom diskear ek in oare namme.

Tongersdeitejûn 26 jannewaris stiet nammentlik yn it teken fan (de oarloch yn) Oekraïne mei in unyk programma dat fersoarge wurdt troch Hubert Smeets, Ruslân-ekspert, en prefester Joris Voorhoeve, foarsitter Rie van Tafersjoch fan Open Door Ukraine (ODU), in platfoarm dat no hiel aktyf wurden is as fûnseswiler foar Oekraïne.

Joris Voorhoeve (eigen foto, boarne: Doarpstsjerke Huzum)

Histoarikus Hubert Smeets, âld-haadredakteur fan de Groene Amsterdammer, skreau ferskate boeken oer Ruslân en is geregeld yn praatsjo’s te gast. Prefester Joris Voorhoeve wie Keamerlid, minister fan Definsje en lid fan de Steatsrie. Oant koartlyn wie er fice-foarsitter fan de wichtige Adviesrie ynternasjonale fraachstikken. Hy set him no mei Robert Serry bot yn foar donaasjes dy’t de Oekraïners de winter troch helpe moatte.

LC-sjoernalist Patrick van ’t Haar, de man efter de donearaksje dy’t sa’n fjouwer ton foar Oekraïne opsmiet, hâldt in sprutsen kollum. Dêrneist fersoargje trije topmusisy út Charkiv, de famylje Yefimenko, in benefytkonsert. Hja treden spilen yn Europa. No’t se tydlik as flechtling yn Bartlehiem wenje, spylje se fergees yn ’e hoop jild foar Oekraïne yn te sammeljen.

Foarútrinnend op 26 jannewaris freget de organisaasje minsken no al om de Oekraïners te helpen troch te donearjen oan opendoorukraine.nl, IBAN NL63ABNA0844191299. ODU soarget foar generatoaren, sinnepanielen, stoven, tekkens, medisinen, iten, ensfh. Lytse bydragen helpe de Oekraïners ek.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)

Oekraïnelêzing troch Hubert Smeets en pref. Joris Voorhoeve
– Tongersdei 26 jannewaris om 20.00 oere yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert.
– De tagongspriis is 6 euro. Tagongskaarten kinne fan tefoaren digitaal oanskaft wurde fia www.ticketkantoor.nl/shop/Oekrainelezing.
– By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne op rinôfstân en fergees parkearje op it romme parkearterrein foar Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op: www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

jannewaris 11, 2023 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.