Oargelkonsert troch David de Jong yn Doarpstsjerke Huzum op 17 febrewaris

jannewaris 29, 2023 08:33

Nei de restauraasje fan it oargel yn de Doarpstsjerke Huzum, ein 2015, hawwe der al faak oargelkonserten west freeds op ’e neimiddei fan fiif oant seis oere. Freed 17 febrewaris 2023 is der ek wer in oargelkonsert. Dan is David de Jong fan Harns de oargelist dy’t prachtige klanken fan it fraai restaurearre oargel hearre litte sil.

David de Jong (boarne: Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum)

David de Jong (1969) begûn mei oargelles yn 1979 en studearre fan 1982 oant 2003 oargel by Johan G. Koers, dy’t noch altyd syn mentor is. Yn 1988 wûn er de twadde priis op it Nasjonaal Oargelkonkoers yn Elburg. David de Jong is sûnt 1998 predikant, mar jout noch geregeld konserten. Syn spyljen is te beharkjen op fjirtjin cd’s, opnommen yn de Bovenkerk yn Kampen, de Martinitsjerke yn Boalsert, de Martinitsjerke yn Snits en de basilyk yn Raalte. Yn 2007 wie er finalist fan it Hinsz Komposysjekonkoers. Hy komponearre wurken foar koar, oargel, klavesimbel en klokkespul. Koraalmeldijen fan syn hân ferskynden yn ferskate bondels. David de Jong studearret koardireksje oan de modulêre diriginte-oplieiding fan de dirigintewurkpleats yn Utert.

Nigethawwers binne fan herte wolkom foar in oere oargellûd, ûnder it geniet fan in kop kofje of tee foar € 2,00. De oargelkonserten binne fergees tagonklik, mar in frijwillige bydrage foar de musisy wurdt tige op priis steld.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)

Oargelkonsert troch David de Jong
Plak: Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Datum: Freed 17 febrewaris 2023, fan 17.00 oant 18.00 oere.

By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Mear ynformaasje is te finen op: www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

jannewaris 29, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.