Oan in oar plak helpe

jannewaris 30, 2023 09:55

Okkerdeis wiene wy op jierdeibesite by ús buorlju yn de strjitte fierderop. Meastal wol bot noflik. Yn stee fan de wenstige ûnderwerpen lykas bern, sûnens, wurk, fuotbal, auto’s en gasprizen kaam ûnder de kofje en tee in nijsgjirrich mar emosjoneel tema op it aljemint.

Ynienen wie it suver stil en elkenien harke nei it ferhaal fan de gasthear en ‑frou, dat in guon minsken krigen it suver dreech. Harren húsdier, in hardershûn yn dat gefal, moast eins fuort, fanwegen it feit dat er net oer bern, lyts of wat grutter, koe. Dat die bliken nei de berte fan it jongste bernsbern.  Fansels joech dat striid fan de kant fan de jonge âlden mei de âlden en it koste hiel wat wurden en fertriet oan de kant fan de eigeners. Se kamen foar in ûnmooglike kar te stean. Gjin pakesizzer oer de flier of de hûn fuort.

Foto Matthijs Verkuijl

Elkenien dy’t dat hearde, wie der tige stil fan wurden en sels de katteleafhawwers holden harren yn ’t begjin stil. Fansels kamen de oanwêzigen mei alderhande advizen, dy’t yn de measte gefallen rjochtstreeks it jiskefet yn koene.

De eigeners woene wol dei-opfang regelje foar ien dei yn ’e wike, mar tuskentroch net de hûn oeren lang yn de garaazje hâlde. De hûn wie fierstente grut foar in bench.

Twa foarstellen lykje wol gaadlik en de muoite wurdich om jin yn te ferdjippen.

As de hûn nammentlik fan in offisjele fokker komt, mei stambeam, papieren ensfh., dan stiet faak yn it kontrakt dat de fokker behelpsum wêze kin om in oar plak te finen as dat nedich wêze soe. Dat sil net altyd slagje, mar dochs is dat belangryk om te witten.

In twadde mooglikheid is om fia in website, bygelyks www.verhuisdieren.nl, it húsdier oan te melden. Mar yn alle earlikheid moat sein wurde dat der op dit stuit wol sa’n fyftich hûnen op de list steane en de kâns fan slagjen dêrom lyts liket.

Yn de tiid fan koroana en tichtplicht hawwe in soad minsken om ferskillende redenen in kat of in hûn oanskaft. Doe’t der mear romte kaam om fan hûs te gean en ek  wer gewoan oan it wurk, waarden de asilen bedobbe mei jonge bisten. Dat joech oeral in soad problemen, want dat is net de funksje fan in asyl. No’t de measte hûnen tsjintwurdich in chip hawwe, is de tiid fan fêstbinen oan in beam lokkich fierhinne foarby.

Minsken realisearje har net altyd dat by it oantugen fan in húsdier der eigentlik in nij lid yn de húshâlding opnommen wurdt en dat sa’nien meastentiids langer libbet as mannichien tinkt. En dan haw ik it net oer hamsters, goudfisken en sokssawat. In húsdier jout net allinnich in soad wille en ek wolris argewaasje, mar jout fansels ek ferplichtingen.

Underwilens is de hûn fan de buorlju teplak by in oare húshâlding mei trije grutte bern en ek noch in hûn, dat it liket te slagjen. Sadwaande komt der foar in part rêst yn de tinte, mar it fertriet en foar in part wrok bliuwe de kommende tiid noch wol.

Matthijs Verkuijl

jannewaris 30, 2023 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.