Noardeast-Fryslân giet troch mei beheinde tsjinstferliening oan Dantumadiel

jannewaris 13, 2023 10:00 Fernijd

Nei goed ûnderling oerlis en op fersyk fan Dantumadiel wol Noardeast-Fryslân nei 1 jannewaris 2024 trochgean mei it ferlienen fan tsjinsten op in beheind tal gebieten oan Dantumadiel. It giet om de taken Funksjonaris Gegegevensbeskerming (FG), garaazje, ynsammeljen fan ôffal, salarisadministraasje, belestingen/WOZ en basisregistraasjes. De no rinnende Sintrumregeling dy’t ynhâldt dat Noardeast-Fryslân alle amtlike tsjinsten oan Dantumadiel leveret hâldt dan op.

It giet om sa’n 8 à10 meiwurkers (op in no noch mienskiplik totaal fan 650). Op oare terreinen – de sosjale wurkfoarsjenning Dokwurk en ANNO – wurkje de beide gemeenten ek suksesfol gear. Noardeast-Fryslân wol in goede partner foar Dantumadiel bliuwe. De gemeenteried fan NEF moat oer ien en oar noch in beslút nimme.

jannewaris 13, 2023 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.