Noardeast-Fryslân bepraat wentebou mei minister Hugo de Jonge

jannewaris 26, 2023 09:15

Wethâlder Bert Koonstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân sit hjoed opnij oan tafel by minister Hugo de Jonge oer wentebou.

Foto: It Nijs

Koonstra seit mei klam dat de gemeente in protte sels kin: “Wy hawwe in krêftige, selsredsume mienskip, ynnovative en besiele ûndernimmers en goede plannen. Dêrmei kinne wy relatyf fluch bydrage oan de grutte wentebou-opjefte.” Wol de minister dat? Dan sil der wol dielbudzjet beskikber komme moatte fan it Ryk, seit Koonstra: “Wy kinne in protte, mar om te bouwen hawwe jo wol in finansjele fundearring nedich. It jild dêrfoar moat mei fan it Ryk komme. Lis mei ús dy fundearring en wy rêde dermei.”

Op útnûging fan de M50-gemeenten, netwurk foar middelgrutte gemeenten yn Nederlân, prate de wethâlders fan ûnder oare Noardeast-Fryslân en De Fryske Marren hjoed mei minister De Jonge. It sil oer de drompels gean dêr’t middelgrutte gemeenten yn de wentebou-opjefte tsjinoan rinne. Dy opjefte is net lyts; de middelgrutte gemeenten yn Nederlân wolle de kommende jierren 65.000 wenten bouwe.

jannewaris 26, 2023 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.