Nijsgjirrich Fokaal Trijelûk fan Rixt van der Kooij

jannewaris 21, 2023 12:00 Fernijd

Yn it ramt fan it ‘Fokaal trijelûk’, dat Rixt van der Kooij yn 2023 ek wer organisearret, sil op snein 29 jannewaris it earste konsert jûn wurde. Dat is as fanâlds yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert.

Yn dat konsert, dat Träume as tema hat, stiet de dichteres Mathilde Wesendonck sintraal. Har teksten wurde útfierd op muzyk fan Johannes Brahms, Richard Wagner en Rixt van der Kooij. Dy wurdt ta klinken brocht troch sjongeres Carina Vinke (alt) en de ynstrumintalisten Ursula Skaug (altfioele) en Rixt van der Kooij (piano).

It ferbinende tema fan Fokaal trijelûk is dit jier bewûndering; bewûndering dy’t ferskillende komponisten en dichters foarinoar hiene en dy’t late ta nije komposysjes. Yn de programma’s sil benammen omtinken jûn wurde oan de lietkeunst fan de Dútske romantyk.

De oare konserten fan Fokaal trijelûk 2023 wurde jûn op:

  • 12 maart, tema Sie liebten sich beide, solisten Laetitia Sprij (mezzo-sopraan), Max Bruins (tenoar) en Rixt van der Kooij (piano) mei lieten fan Robert Schumann, Clara Schumann-Wieck, Johannes Brahms en Rixt van der Kooij.
  • 23 april, tema Dichtersleafde, solisten Daniël Hermán Mostert (bariton) en Rixt van der Kooij (piano) mei lieten fan de dichter Heinrich Heine op muzyk fan Robert Schumann en de dichter Fedde Schurer op muzyk fan Rixt van der Kooij.
Alle konserten begjinne om 15.00 oere en wurde jûn yn de Fermanje, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert. Tagongskaartsjes à € 17,50 kinne reservearre wurde fia info@vocaaldrieluik.nl.
jannewaris 21, 2023 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.