Neiteam Joadske famylje easket topstik Picasso werom fan Guggenheim Museum

jannewaris 23, 2023 10:59

De erfgenamten fan in Joadske famylje dy’t nazy-Dútslân ûntflechtsje moast, easkje fan it Guggenheim Museum yn New York in skilderij fan Pablo Picasso werom. It wurk út Picasso’s blauwe perioade soe no tusken de hûndert miljoen en twahûndert miljoen euro wurdich wêze.

Guggenheim Museum yn New York (foto: Wikipedia/Jean-Christophe Benoist – CC BY 3.0)

Yn ’e oanklacht dy’t neffens de New York Post by in rjochtbank yn New York yntsjinne is, sizze de erfgenamten dat harren foarfaar Karl Adler it wurk yn 1938 fier ûnder de werklike wearde ferkocht hat. Dat soe er neffens harren nea dien hawwe, as er net oan ferfolging troch de nazys ûntkomme moatten hie.

It Guggenheim Museum seit yn in reaksje dat der yngreven ûndersyk nei it komôf fan ‘La repasseuse’ (de strykster) dien is. Dêr soe út bliken dien ha dat der gjin rjochtsgrûn foar weromjefte is. Yn de santiger jierren soe de lieding sels kontakt opnommen ha mei in soan fan Adler om him oer de skiednis fan it wurk te hearren. Dat soe gjin reden ta noed oer it komôf opsmiten ha.

Learfabrikant
Karl Adler wie in begoede Dútsk sakeman. Hy kocht ‘La repasseuse’ yn 1916 fan de galeryhâlder Heinrich Thannhauser yn München. Nei’t Adolf Hitler yn 1933 oan ’e macht kommen wie, groeide by Adler it besef dat hy en syn famylje yn Dútslân net mear feilich wiene en nei it bûtenlân flechtsje moasten. Om dêr de kosten fan betelje te kinnen, ferkocht er ‘La repasseuse’ yn 1938 oan Justin Thannhauser, de soan fan de galeryhâlder fan wa’t er it kocht hie. Dy soe misbrûk makke hawwe fan it feit dat de Adlers oan de Joadeferfolging ûntkomme moasten en der mar in tsiende fan de werklike wearde foar betelle ha.

Argentinië
De Adlers emigrearren úteinlik fia Nederlân, Frankryk en Switserlân yn april 1940 nei Argentinië. Karls frou, Rosi Adler, ferstoar dêr yn 1946. Karl Adler sels ferstoar yn 1957 by in besite oan Dútslân. Hja hiene trije bern. Ien fan harren neikommelingen is no advokaat yn Los Angeles. De erfgenamten soene pas yn 2014 heard hawwe dat Adler ‘La repasseuse‘ twongen ferkeapje moatten hie. Hja easkje it no werom. It Amerikaanske Kongres naam yn 2016 in wet oan dy’t de weromjefte mooglik makket fan keunstwurken fan wa’t Joadske eigeners foar en yn de Twadde Wrâldoarloch twongen ôfstân dwaan moasten.

Justin Thannhauser emigrearre nei de oarloch nei de Feriene Steaten. Hy liet it doek nei oan it Guggenheim, dat sûnt 1978 de eigener is.

jannewaris 23, 2023 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.