NASA sil kearnoandriuwing yn ’e romte teste om flugger nei Mars te reizgjen
Resint ferskynd
NASA wol binnen fiif jier in raket mei kearnoandriuwing de romte yn stjoere. Op dy wize moat it yn ’e takomst mooglik wêze om minsken flugger nei Mars reizgje te litten as mei de hjoeddeiske rakettechnology, dy’t foaral gebrûk makket fan motoaren op floeibere brânje.

DRACO (ôfbylding: DARPA)
Foar de nukleêre raketoandriuwing sil de romtefeartorganisaasje gearwurkje mei de Amerikaanske militêre ûndersyksgroep DARPA, dy’t al langer wurket oan in motor basearre op kearnspliting. “Mei dy nije technology kinne astronauten flugger as ea nei fiere bestimmingen yn ’e romte reizgje, in wichtige kapasiteit as tarieding op ferfier fan minsken nei Mars”, seit NASA-direkteur Bill Nelson, dy’t it foarnimmen buorkundich makke op in konferinsje yn Maryland.
Konvinsjonele raketmotoaren op floeibere brânje – faak wetterstof – wurkje nei mar in beheinde tiid, oant de brânstof op is. Raketmotoaren op kearnoandriuwing kinne it mei deselde hoemannichte brânje langer folhâlde, en dêrtroch kriget it romteskip mear faasje. Yn sa’n nukleêre termyske raket (NTR) wurdt floeibere wetterstof yn in lytse kearnreaktor ferhjitte en as gas ûnder hege druk útstjitten, sadat stokrêft ûntstiet. Dat proses is wat brânstofferbrûk oangiet likernôch twa kear sa effisjint as dat fan in tradisjonele raketmotor.
Earder eksperimint
Yn ’e sechtiger jierren waard al mei kearnoandriuwing eksperimintearre mei it NERVA-projekt. In NTR-motor waard in kearmannich suksesfol test yn testynstallaasjes op ierde. NASA makke plannen foar in Marsmisje mei NERVA-motoaren, mar troch besunigingen waard it programma yn 1973 beëinige. Underwilens is NASA wer fan doel om minsken nei Mars te stjoeren. It Artemis-moanneprogramma is ornearre as ‘opstap’ nei de reade planeet. Kearnoandriuwing kin de reis neffens romtefeartyngenieurs gâns koarter meitsje: fan njoggen moanne nei fjouwer.
Lykwols is der wol diskusje oer it brûken fan radio-aktive prosessen yn ’e romte. Troch de jierren hinne hawwe miljeu-aktivisten ferskate kearen protestearre tsjin planeetferkenners dy’t gebrûk meitsje fan radio-aktyf materiaal om enerzjy op te wekjen. NASA heakket foar it nije projekt oan by it militêre ynstitút DARPA, dat sûnt 2022 wurket oan in nije NTR-oandriuwing ûnder de namme DRACO. It plan is dat de raket mei kearnoandriuwing op syn lêst yn 2027 syn earste romteflecht makket. Foar de ûntwikkeling is dit jier 110 miljoen dollar útlutsen, mar oant 2027 binne der nei alle gedachten noch hûnderten miljoenen mear nedich.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje