Nanne Hoekstra: Hoe krije we de Friezen oan it Frysk lêzen?
Resint ferskynd
Skôging
Jammer dat Pieter de Groot syn rige – ornaris treflike – Frysktalige kollums foar 2022 ôfsleat mei in stikje oer joadegrappen op de Frysktalige webside ItNijs.frl (LC 23 desimber). Dy wiene der nammentlik hielendal net.
It wie te rêden om ús rige ‘Hoe seist dat no yn it Frysk?’, dy’t al sûnt 2020 op de webside rint. No steane der op de Wikipedialist dy’t wy brûke, ek útdrukkingen mei ‘jood’ deryn, yn in ûngeunstige betsjutting. Wy tochten twa miggen yn ien flap te slaan troch mei de Fryske wjergader in alternatyf te jaan dat net rasistysk is. Om’t soks troch De Groot, dy’t it wrychjes oer ekskuzen hie, en guon oaren dúdlik net begrepen waard. hawwe we de restearjende ôfleveringen mei dat wurd mar skrast.
Mei de rige geane we fansels wol fierder. Want wylst we diskriminatoare útdrukkingen út soarte wol slite wolle, is it grutte probleem dêr’t we it oer hawwe moatte soene, dat de Friezen in protte fan harren taalrykdom driigje te ferliezen. Under oaren mei dy rige wolle wy uzes bydrage oan it opkearen fan it taalferlies. En fierder besykje wy dêryn te foarsjen troch it Frysk yn al syn rikens te brûken yn nijsgjirrige artikels op de webside It Nijs en yn it tydskrift De Nije. Mei dat blêd moatte we no spitigernôch ophâlde troch krapte oan jild en meiwurkers. En ja, ek oan lêzers, lykas De Groot yn deselde kollum op it aljemint bringt. In Frysktalich tydskrift leit it ôf tsjin de Hollânsktalige blêden, skriuwt er.
Mar wêrom is dat dan? De measte Friezen sizze yn ûndersiken ommers dat se harren eigen taal wol aardich lêze kinne. Allinnich binne se it net wend en dogge se it (dus?) net safolle. En dat docht skea oan it taalgebrûk. Want it skreaune Frysk hat in foarname funksje as ûnthâld fan de taal: meidat Friezen langer bombardearre wurde mei Hollânsk, is it tige wichtich dat se likegoed geregeldwei ek Frysk lêze.
Lykwols wurdt skriftlik Frysk fierstente min oanbean; sels Omrop Fryslân advertearret wakker mei de Hollânsktalige ferzje fan syn webside. Mei dêrtroch ferjitte wy Friezen in grut part fan it Frysk en hawwe we, safier is it hinne, ‘in Nederlânsk wurdboek yn ’e holle’, lykas mjirkes heechlearaar Frysk Goffe Jensma it by syn ôfskied formulearre.
Sadwaande dat de Ried fan de Fryske Beweging it inisjatyf nommen hat foar in Frysktalich magazine – want sjoen de rimmen fol tydskriften yn kiosken en supermerken is dat (oars as gauris útholden wurdt) noch lang gjin efterhelle medium – en foar de websiden Startside.frl, mei in oersjoch fan Frysktalige ynternetsiden, en ItNijs.frl mei ûnderhâldende artikels.
Spitigernôch bliuwt it oantal lêzers fan dy websiden allyksa beheind. De fraach is dêrom hoe’t we Friezen ferliede kinne mear Frysk te lêzen om sadwaande te helpen harren taal te ûnderhâlden.
It is goed dat ús krewearjen kritysk hifke wurdt, mar dêrnjonken soene we yn it nije jier graach stipe krije by it beäntwurdzjen fan dy fraach.
Ien ding soe helpe: meitsje it Frysk sichtber rûnom yn de provinsje, op gebouwen, stasjons, stadions, weibewizering, kroegen en ytgelegenheden, iepenbiere húskes, parkeargaraazjes, parkearmeters ensafierder en sa fierder. De inisjatyfnimmers moatte wêze: de provinsjale oerheid en de gemeenten yn it foarste plak. Goed foardwaan leart goed neidwaan.
[Hoe krije we de Friezen oan it Frysk lêzen?]
Miskien is it in idee om foar de leeftyd fan 15 oant en mei 17 jier in ferhalewedstriid út te skriuwen. De earste 25 ynstjoeringen dy’t oan de kritearia foldogge, krije 100 euro en de bêsten in aardige jildpriis.
Fansels sille guon ien en oar earst yn in oare taal skriuwe, mar ek troch it oersetten wurdt der yn en oer it Frysk neitocht.
Boppedat kin it gean oer ûnderwerpen dy’t de jongelju oansprekke.
Wat helpe soe is miskien net yn foarste plak in pr-aktiviteit, mar in ynhâldlik ding. Ûnderwerpen dy’t hjir en no spylje. It boerelibben en de natoer, it ingelsk raaigers en de greidefûgels. Wat dogge jo foar it miljeu? Nije Friezen (migranten) oer ‘âlde’ Friezen en oarsom. Yntegraasje op it doarp? Stille earmoed en maatskiplike twadieling. Nut fan en wurdearring foar hantwurk. Hoe dreech is it om homo te wêzen yn it doarp? Hawwe frysktalige homo’s in moai eintsje libben as Fries en in dreech bestean as homo? Hoe sjogge jo de takomst?
Ik soe de fraach oars stelle: hoe berikke wy de Friezen it bêste yn it Frysk? Ynearsten is it Frysk noch benammen in taal dy’t net skriftlik mar mûnling it meast brûkt wurdt. Hjir slute audiovisuele middels folle better by oan ås plåtte tekst. Dus ik soe it folle mear sykje yn fideokontent yn kombinaasje mei sosjale media en faaks twatalige ûndertitels foar it leareffekt.
Mei it idee fan Lútsen kin ik it alhiel lykfine en ferskate partijen binne der mei teset. Lykwols keallet sels sok op sympatike en foar toeristen nijsgjirrige wize fan útdragen fan ús taal noch swier.
Cor Jousma docht ek in aardich útstel dat it bepraten wurdich is.
Bouke Slofstra neamt ûnderwerpen dêr’t It Nijs gauris omtinken oan jûn hat, mar dy’t earder net in ôfgryslike soad lêzers opsmieten. Lykwols kin it fansels fansels fannijs besocht wurde.
Klaas Groen hat gelyk wat de oanlûkingskrêft fan fideo’s oanbelanget. Mar as we dêr hielendal op oerstappe soene, spiele we it bern mei it waskwetter fuort. Want dat it Frysk, folle mear as Nederlânsk en Ingelsk, in sprutsen taal is, dy’t Friezen net goed leare, is no krekt de swierrichheid om’t dy oare talen, dy’t se wol skriftlik brûke, der dan maklik yn slûpe. Sûnder besef fan it skreaune Frysk witte Friezen sadwaande likegoed by it praten hieltyd minder wat no eins Frysk is. Sjoch:
https://www.itnijs.frl/2017/07/de-taaltwivel-fan-studint-hoeke-tamme/.
En ik haw noed dat der nei ûndertitels net folle sjoen wurdt by in fideo yn in taal dy’t men wol ferstiet.
Foar alle neamde ideeën jildt: wa komt om te helpen by de útfiering?!?