Ministearje fan Ynlânske Saken: ‘Inkeld de Fryske eed is foldwaande’

jannewaris 21, 2023 09:32

Ofrûne woansdei woene de yn Portugal berne Joana Duarte (lektor oan de NHL en de RUG) en har soan offisjeel Nederlanner wurde mei inkeld in Fryske eed. Mar neffens de gemeente Ljouwert wie dat net mooglik, dat se leine ek in Nederlânske eed ôf. Romke de Jong, Keamerlid fan D66, tsjinne deselde dei noch Keamerfragen yn. De FNP folge letter mei fragen oan Deputearre Steaten. In wurdfierder fan it ministearje fan Ynlânske Saken makke twa dagen letter in ein oan de ûndúdlikheid mei de befêstiging oan de Ljouwerter Krante dat inkeld de Fryske eed foldwaande is.

Joana Duarte (boarne twitter / Joana Duarte)

Wurdfierder fan de gemeente Ljouwert Haike Visscher hat witte litten dat twa regels inoar bite. Oan ’e iene kant is der de Wet gebrûk Fryske taal dy’t regelet dat in mûnlinge eed, ûnthjit of befêstiging yn it Frysk ôflein wurde kin. Oan ’e oare kant is der de Rykswet op it Nederlannerskip, dy’t eksplisyt it Nederlânsk neamt, en net fan ‘Rykstaal’ sprekt. “Dêrom dat de kollega dy’t it útsocht hat, mei alle goede bedoelingen, tocht dat it yn it Nederlânsk moast.”

Deputearre Sietske Poepjes wiist derop dat ek it ministearje net gau in antwurd ree hie op de fraach oft in Fryske eed no wol of net mocht. Yn de folders dy’t Nederlanners yn spee meikrije, stiet ek gjin wurd oer de Fryske taal. “Technysk sjoen soe de lanlike oerheid dat wol dwaan moatte. It is eins net ús foech.” Mar frou Poepjes seit ek: “Wy wolle it mei alle leafde oppakke. Neffens my is it de heechste tiid dat wy as provinsje dêr in gearkomste oer organisearje. Ik tink dat dit de lêste kear wie dat it misgiet.”

Wurdfierder Visscher fan de gemeente Ljouwert hopet itselde: “It is hiel moai dat it no boppe wetter is. Wy binne dêr allinnich mar bliid mei. Mar wêr’t wy noch wol benijd nei binne: wêrom wurdt yn dy iene wet eksplisyt ‘Nederlânsk’ neamd?”

jannewaris 21, 2023 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.