Masterpianist Erwin Rommert Weerstra yn Doarpstsjerke Huzum
Resint ferskynd

Erwin Rommert Weerstra (eigen foto)
Yn de konsertrige ‘Muziek +’ fan Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum (Ljouwert), spilet op freed 20 jannewaris 2023 de Masterpianist Erwin Rommert Weerstra.
Weerstra, dy’t yn 1987 yn Leien berne waard, begûn al piano te spyljen doe’t er 3 jier wie. Doe’t er 7 jier wie waard er op de ôfdieling Jong Talent fan it Keninklik Konservatoarium yn De Haach talitten. Sa’n jonge learling hiene se dêr noch nea hân. Yn syn stúdzjetiid hat er twa kear it ynternasjonale Steinwaykonkoers wûn. Dat wie ek unyk. Letter folgen oare ynternasjonale ûnderskiedingen. Hy spilet in protte yn Nederlân en oare Europeeske lannen.
Foar it konsert op 20 jannewaris yn Ljouwert hat er in tige tagonklik klassyk programma gearstald mei wurken fan Schubert en Chopin. Mear ynformaasje is te finen op: www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.erwinrommert.com.
It begjint om 17.00 oere en duorret likernôch in oere.
De tagong is fergees mar in frijwillige bedrage wurdt tige op priis steld.
Fergees parkearje: op it terrein oan de Tynjedyk foar Intratuin oer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje