Marvelakteur Jeremy Renner ‘kritysk mar stabyl’ nei ûngelok

jannewaris 3, 2023 08:34 Fernijd

Jeremy Renner (foto: Wikipedia/Gage Skidmore – CC BY-SA 3.0)

Akteur Jeremy Renner is slim ferwûne rekke by in ûngelok by it snieskowen. Neffens in wurdfierder is er yn “kritike mar stabile tastân” yn it sikehûs opnommen. Syn famylje is by him.

It is noch ûndúdlik wat der krekt bard is, hoe slim oft syn ferwûningen binne en sels wêr’t Renner ferwûne rekke. De akteur hat in hûs yn it noarden fan de steat Nevada, dêr’t de ôfrûne dagen in soad snie fallen is. Yn it ferline posearre er wolris mei sniereau, mar it is net dúdlik oft it ûngelok mei sa’n snowcat bard is.

De 51-jierrige Renner makket karriêre mei films as The Town en The Hurt Locker, dêr’t er foar beide in Oscarnominaasje mei krige, en de Mission: Impossible-rige fan Tom Cruise. Wrâldferneamd waard er yn ’e rol as bôgesjitter Clint Barton, de meast minsklike fan alle Marvelhelden. Hy spile dy rol yn fiif superheldefilms en in eigen telefyzjesearje, Hawkeye.

Renner is meikoarten wer te sjen yn ’e searje Mayor of Kingstown op Paramount+, dêr’t dizze moanne it twadde seizoen fan begjint.

jannewaris 3, 2023 08:34 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.