LTO Noard poer fanwege ekstra Natura 2000-doelen

jannewaris 12, 2023 08:54

Nederlân is no al ferskate jierren foar in part op slot fanwegen de stikstofregels. Ien fan de oarsaken foar dat slot binne de beskerme natuergebieten en de strange regels dy’t dêr om hinne jilde. Wylst oerheden en de lânbou alles op alles sette om oan de regels te foldwaan, hat de lanlike oerheid in beslút nommen sadat der strangere regels foar in grut tal Natura 2000-gebieten jilde. Dy stap set Nederlân noch mear op slot. LTO Noard tsjinnet berop yn tsjin dat beslút fan de minister om dat foar te kommen.

Foto: LTO Noard

“It kin net sa wêze dat we oan ’e iene kant echt alles út de kast lûke om stikstofútstjit te ferminderjen om Nederlân fan it slot te heljen en dat oan ’e oare kant De Haach beslút om de regels swierder te meitsjen. It wie al tige yngewikkeld, mei’t Nederlân as lyts lân mear as 160 Natura 2000-gebieten oanwiisd hat. No wurde de regels ek noch ferswierre. Dat is ûnbegryplik en min foar ús allegear”, seit LTO Noard-foarsitter Dirk Bruins.

Habitattypen
De ferswierring fan de regels sit yn de saneamde habitattypen. De lanlike oerheid heakket yn ferskate Natura 2000-gebieten mear habitattypen ta. Yn in stikmannich gebieten wurdt de krityske deposysjewearde leger. Mei oare wurden, der mei noch minder stikstof útstjitten wurde as no it gefal is. Dat laat ta noch mear pykbelêsters en it makke de al enoarme stikstofopjefte grutter.

Ferskate gebieten
Yn ûnderskate Natura 2000-gebieten wurde habitattypen taheakke, sadat dêr in legere KDW jilde sil. It giet om tweintich gebieten yn de provinsjes Fryslân, Drinte, Oerisel, Flevolân, Utert, Noard-Hollân en Súd-Hollân. Der is no in pro-formaberop foar al dy gebieten ynsteld. Binnen in moanne folget it ynhâldlike beropskrift.

jannewaris 12, 2023 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.