Londenske amateurarcheolooch lost mystearje út Iistiid op
Resint ferskynd
Archeologen bestudearje al jierren streekjes, puntsjes en Y-foarmige oantsjuttingen op goed 20.000 jier âlde muorretekeningen fan bisten. Sa ek Ben Bacon, in meubelmakker en amateurarcheolooch út Londen. Hy bestudearre hûnderten ôfbyldingen fan oksen en fisken dy’t tûzenen jierren lyn yn grotten yn ûnder mear Lascaux (Frankryk) en Altamira (Spanje) tekene waarden. Hy hope dêr in patroan yn te finen.

Rotstekening yn Lascaux (foto: Wikipedia/Coen Vromans – publyk domein)
De Brit kaam úteinlik op it idee om nei de oantsjuttingen te sjen oan ’e hân fan de moannekalinder en de bertesyklussen fan soartgelikense hjoeddeiske bisten. It late ta in bysûndere ûntdekking. De tekens liken ferbân te hâlden mei de peartiid fan de ôfbylde bisten. It Y-teken dat op inkelde tekeningen te sjen is, wie neffens Bacon in manier om de berte mei oan te tsjutten. Twa linen komme byinoar yn ien line.
Bacon lei syn teory oan akademisy foar en besleat mei in team fan ûndersikers fan twa universiteiten oan ’e slach te gean. Harren befiningen waarden juster yn it Cambridge Archaelogical Journal publisearre. De konklúzje fan it stik is dat Bacon it mei syn teory by it rjochte ein hie. It team toande in statistysk signifikante korrelaasje tusken it tal tekens oan, it plak fan it Y-teken en de moannen dêr’t de bisten yn pearje en bernje.
It giet neffens de ûndersikers om in foarrinner fan it minsklik skrift, in saneamd protoskrift. De ûntsifere tekens geane goed tsientûzen jier fierder tebek as it oant no ta âldst bekende protoskrift, dat út it neolitikum yn it histoaryske Heine Easten stammet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje