Literêre jûn mei Aleid Truijens yn Museum Belvédère

jannewaris 17, 2023 08:42

Op tongersdei 19 jannewaris 2023 ferwolkommet de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen) yn Museum Belvédère de auteur en publisiste Aleid Truijens. Yn it skoft is der gelegenheid om it museum te besytsjen. Boekhannel Binnert Overdiep is mei in diske yn it Museumkafee oanwêzich.

Aleid Truijens (boarne: SLAH)

Aleid Truijens (1955) wurket as redakteur en columniste foar de Volkskrant. Hja wurke ûnder mear ek as keunstredakteur by it wykblêd Elsevier, as dosint oan de Skoalle foar de Sjoernalistyk yn Utert en oan de Universiteit Leien en as literêr resinsint foar NRC Handelsblad.

Bibliografy: Over verhalen van F.B. Hotz (1981), Draden trekken door het labyrint (1997), De God van Hotz (1998), Een beetje levensbestemming (2002), Geen nacht zonder (roman – 2004), Vriendendienst (roman – 2007), Geluk kun je alleen schilderen (2011) en Opvoeden! een nieuwe blik op een eeuwenoud beroep (2012). Yn 2022 is har lêste boek útkommen: Leven in de verbeelding (biografy Hella Haasse 1918-2011). Oan dat boek wurke Truijens 7,5 jier.

Hella Haasse jildt as ien fan de aldergrutste auteurs fan de foarige iuw. Hja skreau histoaryske romans as Het woud der verwachting, Mevrouw Bentinck en Een nieuwer testament, romans over Nederlands-Indië (Oeroeg, Heren van de thee, Sleuteloog), dêr’t se opgroeide, en folle mear. Nettsjinsteande har sukses bleau se in ienling, in klasse apart: der wiene de Grutte Trije – Hermans, Reve, Mulisch – én Haasse.

Nigethawwers kinne har oanmelde troch in e-mail te stjoeren nei de SLAH op reserveer@slahheerenveen.nl.

Datum: tongersdei 19 jannewaris 2023;
Lokaasje: Museum Belvédère, Nassauleane 12 Hearrenfean-Oranjewâld;
Tagong: € 12,50, freonen fan de SLAH en jongeren betelje € 7,50;
Seal iepen: 19.30 oere, oanfang 20.00 oere.

jannewaris 17, 2023 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.