Hurdfytser Lieuwe Westra hommels ferstoarn

jannewaris 15, 2023 20:12
Lieuwe Westra (foto: Wikipedia/Thomas Ducroquet)

Ald-hurdfytser Lieuwe Westra is op 40-jierrige leeftiid ferstoarn. Westra wie tsien jier profesjoneel hurdfytser. Syn bynamme wie ‘It beest’, om’t er ôfgrysklik bodzje koe.

Syn famylje lit witte dat er sneontemiddei oantroffen waard by syn bedriuwspân yn it Hollânske Zwaagdijk. Reanimearje hat net mear holpen. Yn lytse rûnte wurdt ôfskied nommen.

Syn grutste oerwinningen wiene in etappe yn Parijs-Nice, de Omgong fan Denemarken, twa nasjonale tiidrittitels, de Omgong fan Kataloanië, de keninginnerit yn it Critérium du Dauphiné en yn 2016 de einoerwinning yn de Driedaagse De Panne.

Yn syn folsleine karriêre ferskynde Westra fiif kear oan de start fan de Tour. Hy fytse him trije kear út.

Lieuwe Westra waard berne op 11 septimber 1982 yn Mûnein. As 8-jierrich jonkje stapte er foar it earst op in racefyts. Oant syn 16de wûn er in soad wedstriden en benammen yn de massasprints wie er dreech te ferslaan.

Grut talint

Hy waard sjoen as in grut talint, mar as opslûpen jonge fernaam Westra dat der ek in wrâld bûten it fytsen wie. Doe’t de resultaten wat minder waarden, ferdwûn ek de motivaasje foar it fytsen en luts it stappen hieltyd mear. Hy waard strjitmakker en yn it wykein strúnde er de hardcorefeesten ôf.

Syn broer Jan Hendrik fytste noch altyd yn de top fan de amateurs yn Noard-Nederlân en sadwaande begûn it ek by Lieuwe wer te kribeljen. Nei 7 jier stapte er wer op de fyts. Hy waard lid by Otto Ebbens en ûndertekene syn earste kontrakt by Krolstone Continental Team. It wie gjin fetpot, mar yn 2007 joech er syn baan as strjitlizzer op om him folslein te rjochtsjen op it hurdfytsen. Dat jier waard er twadde yn Olympia’s Tour en wûn er de twadde etappe yn de Tour Alsace.

Kontrakt

Vacansoleil Pro Cycling Team krige belangstelling foar de man en yn 2009 waard Westra lid fan dy ploech.

Syn hurdfytskarriêre gie dêrnei fiif jier lang goed mei. Hy waard ferneamd troch oerwinningen yn Parijs-Nice, Tour Tour of California, Omgong fan België, NK Tiidriden en it einklassemint yn de Omgong fan Denemarken.

Benammen 2012 wie in topjier, mei de winst fan de fyfde etappe fan Parijs-Nice en twadde plak yn it totale klassemint. Krekt achter Tour-winner en winner fan Olympysk goud, Bradley Wiggins.

Nei Vacansoleil Pro Cycling Team kaam Westra yn 2014 by Astana, de ploech fan âld-hurdfytser Vinokoerov. Hy hie in grut oandiel yn de oerwinning fan Vincenzo Nibali yn de Tour dat jier. Op de ferneamde balstientsjerit gie er oan as in wyld en sadwaande pakte Nibali sekonden op de konkurrinsje.

Bynamme Het Beest

Lieuwe syn bynamme wie dan ek net foar neat ‘It beest’. Yn 2018 ferskynde it Hollânsktalich boek mei de titel Het beest, skreaun troch Thomas Sijtsma.

Falpartijen soargen der ûnder oare foar dat it yn 2015 minder gie mei syn hurdfytskarriêre. Yn maart 2016 wûn er noch it einklassemint fan de Driedaagse De Panne-Koksijde en ûndertekene er dat jier noch in kontrakt by Wanty-Groupe Gobert. Mar yn jannewaris 2017 besleat er om mei fytsen op te hâlden. Letter waard buorkundich dat er yn dy snuorje slim swiersettich wie.

Nei syn hurdfytskarriêre wenne er in skoftke mei syn Australyske frou yn Australië. Yn 2019 begûnen se yn Spanje in akkommodaasje foar hurdfytsers. In aventoer dat nei twa jier ophold en einige mei in skieding. Westra kaam doe werom nei Fryslân.

Biograaf Thomas Sijtsma typearret de hurdrider as ‘it bist’. “Op en neist de fyts die er de dingen fol oerjefte en ûnfersetlik. Op goede dagen koe er elk ferslaan. En ek as ‘knecht’ gie er foar syn kopman dwers troch muorren hinne.”

Sykjende

Nei’t er mei fytsen ophold, hie Westra it dreech. “Nei’t er út Spanje weromkaam, foel er werom yn syn âld hâlden en dragen: te bier gean en it brûken fan drank en drugs. Hy wist net sa goed wat er mei himsels oan moast. Hy wie sykjende en koe bûten it fytsen net goed syn plak yn de maatskippij fine. Sûnder de fyts wie it gewoan hiel dreech foar him.”

Sijtsma wol oan Westra, krekt as dy syn famylje, tinke as ‘onverzettelijk en sterk’.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 15, 2023 20:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.