Lida Dijkstra giet ôf as Berneboeke-ambassadeur
Resint ferskynd
Nei 153 skoaloptredens troch hiele Fryslân nimt Lida Dijkstra ein jannewaris ôfskied as Berneboeke-ambassadeur.
Dijkstra hie op 14 desimber har lêste skoaloptreden as Berneboeke-ambassadeur op sbû ‘De Súdwester’ yn Snits. Gemeente Súdwest-Fryslân en de Afûk ferrasten har doe yn it skoft mei in bosk blommen en wat lekkers foar de hiele skoalle om koart stil te stean by it sukses fan har wurk yn de ôfrûne trije jier.

Lida Dijkstra (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
Op 25 jannewaris wurdt der, by de ynstallaasje fan de nije Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, offisjeel ôfskied nommen fan Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur.
De Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêr Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten foar ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht. De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje