Leonie Bentveld foar de sechde kear efterinoar Nederlânsk kampioen
Resint ferskynd
- Grinzer Museum 150 jier: útstallingen en feest 0
- Subsydzje om fernijende ideeën te hifkjen 0
- Fryslân foarearst feilichste provinsje kwa autoynbraken 0
- Noardlik mkb hat kânsen foar groei troch ynterregionale gearwurking en ynternasjonale fokus 0
- Rjochts kabinet mei PVV liket nettsjinsteande tûkelteammen oannimlik 0
De Burgumer Leonie Bentveld, dy’t tsjintwurdich yn it Belgyske Kasterlee wennet, hat wer it Nederlânsk kampioenskip fjildriden op har namme set.

Foto: Stichting Cyclingteam Leonie
Diskear kaam se by de beloften út. Yn de uterwaarden fan de Waal hie de organisaasje in tige útdaagjend parkoers boud, dat troch it protte reinwetter fan de ôfrûne dagen nochris ekstra swier wurden wie. Sels de brânwacht hat noch holpen om al it reinwetter fuort te pompen, mar it kwea wie al bard. Nettsjinsteande de ynset, sieten der in protte parten yn it parkoers dy’t folslein ûnder wetter stiene. Gewoanwei jout it waaksende wetter fan de Waal in protte noed, mar diskear wie it reinwetter de kweadogger.

Foto: Stichting Cyclingteam Leonie
Fuort by de start wist Bentveld as ien fan de earsten it fjild yn te dûken en tige rap de lieding yn de swiere wedstriid te nimmen. Fan de earste technyske ûnderdielen ôf wist Leonie har foarsprong stadichoan út te bouwen en úteinlik einige se op 3.46 op nûmer 2.

Foto: Stichting Cyclingteam Leonie
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje