Kursus poëzyskriuwen by Tresoar
Resint ferskynd
Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje yn de earste moannen fan 2023 in kursus oer it skriuwen fan poëzy. De kursisten krije les fan ferskate dichters en nei njoggen jûnen kinne se harren wurk op in ôfslutende dichtersjûn hearre litte.

Foto: pixabay.com
De kursuslieders binne Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Sa komt bygelyks by Edwin de Groot it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking) oan ’e oarder en giet it by Tryntsje van der Veer oer de foardracht fan fersen.
Der binne noch in pear plakken beskikber. De oanmelding stiet foar alle dichters oant 15 jannewaris 2023 iepen.
Ynformaasje
- Data: tiisdei 24 en 31 jannewaris, 7, 14, 21 en 28 febrewaris, 7, 14 en 21 maart fan 19.30 – 21.30 oere yn Kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar yn Ljouwert;
- Yn april is der in ôfslutende dichtersjûn;
- Doelgroep: begjinnende en betûftere dichters;
- Kosten € 80,00;
- De fiertalen binne Frysk en Nederlânsk;
- Oanmelde foar 15 jannewaris 2023 fia ynfo@tresoar.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje