Kommendeweis: de Fryske edysje fan ‘Lampje’
Resint ferskynd

Boarne: Afûk
Op it stuit is de útjouwerij fan de Afûk dwaande mei de Fryske ferzje fan it boek Lampje fan Annet Schaap. It boek kriget de titel Lampke en sil nei alle gedachten yn ’e rin fan febrewaris ferskine. Dizze wike is de ferfilming fan it ferhaal yn trije dielen ek te sjen op NPO Zapp.
Lampje is in magysk ferhaal oer de 11-jierrige dochter fan de fjoertoerwachter. Alle dagen as it tsjuster wurdt, klimt se nei boppen ta om it ljocht yn de fjoertoer oan te stekken. Mar, op in stoarmeftige jûn giet alles mis. Dat is it begjin fan in aventoer dêr’t Lampke yn sjen lit dat se mear kin as dat se ea tocht hie.
Op ’e webside en sosjalemediakanalen fan de Afûk ferskynt meikoarten mear nijs oer it ferskinen fan de Fryske edysje fan Lampje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje