Katja Novitskova presintearret nije solo-eksposysje

jannewaris 30, 2023 08:41 Fernijd

Fan 11 maart o/m 3 septimber presintearret it Frysk Museum in soloútstalling mei wurk fan Katja Novitskova (Tallinn, 1984).

Katja Novitskova ‘Earthware 2022’ (foto: def image/Kraupa-Tuskany Zeidler)

It wurk fan frou Novitskova draait om de relaasje tusken ekology en technology, tusken de natuerlike wrâld en de digitale wrâld. Yn it bysûnder is de Estlânske keunstner fassinearre troch it ta-eigenjen en yn byld bringen fan it lânskip en de organismen dy’t dêr diel fan útmeitsje. Hja sjocht it minsklike hingjen nei it (meitsjen fan) byld as uteringsfoarm fan de ûnmeilydsume ekspânsjedriuw fan de minsklike soarte. Yn har soloútstalling lit se wurken fan ferskillende materialen sjen, lykas epoksyklaai, pleksyglês, in GIF-kompilaasje en in unike totaalynstallaasje fan ferskate keunstwurken.

Op sneon 15 april is der in feestlike iepening fan har solo-eksposysje, tagelyk mei de grutte groepsútstalling Seeds of Memory (fan 15 april o/m 24 maart 2024 te sjen). Seeds of Memory lit wurk sjen fan ûnder oaren Noor Abuarafeh (1986, Palestina), Mercedes Azpilicueta (1981, Argentinië) en Bert Scholten (1988, Nederlân). Beide útstallingen wurde dy sneontemiddei feestlik iepene mei in wiidweidich programma fol rûnliedingen, petearen mei de keunstners en útfieringen. Publyk is wolkom en yntree is dy deis fergees.

Katja Novitskova lit ûnder mear har Earthware-searje sjen. De basis fan Earthware leit yn de sammele data fan wyldkamera’s, bedoeld foar ûndersyk. Midden yn de natuer, djip yn de bosken of soms sels yn oseanen, leverje dy kamera’s in ûnbidige hoemannichte rigen foto’s op. Foardat in algoritme it gros fan de foto’s ferwurkje kin, leare se patroanen werom te kennen fan minsken dy’t de earste bylden yndeksearje. Frou Novitskova dûkte yn dy databanken en holp by it yndeksearjen. Hja ûntduts tusken de automatisearre bylden ek moaie eksimplaren, al is dat net it inisjele doel fan de wyldkamera’s. Dy bylden sette se oer op epoksyklaai, dêr’t se in referinsje nei klaaitabletten en oare prehistoaryske bylddragers mei makket.

Katja Novitskova (foto: Lutz Leitmann)

Katja Novitskova
De Estlânske keunstner wennet en wurket yn Amsterdam. Yn 2011 publisearre se har earste keunstnersboek Post Internet Survival Guide 2010. Yn 2017 fertsjintwurdige se Estlân yn de 57e Biënnale fan Feneesje. Har wurk hat ynternasjonaal te sjen west yn solo- en groepsútstallingen, wêrûnder MoMa yn New York (2015), The Museum of Contemporary Art Kiasma yn Helsinky (2017), Whitechapel Gallery, Londen (2018, solo), The Public Art Fund, New York (2017, solo) Hamburger Bahnhof yn Berlyn (2019), Kunstfort by Vijfhuizen (2021, solo) en de Biënnales fan Belgrado (2021), Lyon (2015) en Berlyn (2016).

Har wurk is ek opnommen yn ferskate iepenbiere en partikuliere kolleksjes, lykas: Museum Ludwig, Keulen; Stedelijk Museum, Amsterdam; Moderna Museet, Stockholm; Boros-collectie, Berlyn; CC Stichting, Shanghai; Fondazione Sandretto Re Rebaudengo, Turyn; Rubell Family Collection, Miami en in protte oaren. Yn 2017 erkende de Estlânske presidint Kersti Kaljulaid har troch har de Young Cultural Figure Award út te rikken.

jannewaris 30, 2023 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.