Kâns op Alvestêdetocht noch lytser as KNMI al tocht

jannewaris 13, 2023 11:00

In pear jier lyn berekkene it KNMI dat de kâns op in Alvestêdetocht net sa grut mear is en ek noch fierder ôfnimt. Ut nij ûndersyk docht no bliken dat dy rûzingen al wer nei ûnderen bysteld wurde moatte.

Nei in ekstreem waarm, sinnich en drûch jier, in rekôrmylde jierwiksel en de lêste wiken amper snie yn de Alpen, kin it jin amper noch fernuverje dat wittenskippers de kâns op in Alvestêdetocht hieltyd leger rûze. Waarynstitút KNMI hie yn gearwurking mei it Planbureau voor de leefomgeving yn 2019 al berekkene dat dy kâns o sa ôfnimt: wylst dy in iuw lyn noch ien op fiif wie, is dy yntusken tebekrûn nei op it stuit mar ien op tolve, wylst skielk ien op de tweintich winters mar kâld genôch mear wêze sil foar De Tocht. En dat allinnich noch mar as it minskdom by steat is en behein it opwaarmjen fan de Ierde ta twa graden. Ferline jier konkludearre it KNMI by it tryste jubileum fan 25 jier gjin Tocht op grûn fan dy kânsberekkeningen noch dat soks in kwestje fan tsjinnigens wie. Yn dat skoft hienen der by in ûnferoare klimaat oars twa Alvestêdetochten west. Mar by dy berekkeningen waard ek oannommen dat, wylst de temperatueren minder leech komme, oantal en doer fan de riten mei kjeld net feroaret. Nije berekkeningen wize der no lykwols op dat dy ûnderstelling net strykt mei de werklikheid.

Koarte riten mei genôch froast om efkes op natueriis ride te kinnen, lykas in moanne lyn noch, komme folle faker foar as de lange riten dy’t nedich binne foar in Alvestêdetocht. De foto is makke op 17 desimber yn de Molepolder (yn de omkriten fan Utert). Boarne: It Nijs

Kjeldriten wurde te uzes bewurkmastere troch hegedrukgebieten dy’t in skoft noardlik fan ús lân tahâlde. De oanfier fan sêfte oseaanlucht wurdt sadwaande blokkearre en wy krije kâlde lucht út Skandinavië of Siberië. Neffens de lêste generaasje klimaatmodellen nimt it oantal fan sokke blokkaden amper ôf, sels by grutte opwaarming. It oanhâlden fan de blokkaden minderesearret lykwols al stadich yn in waarmer klimaat. It effekt is net sa grut: op syn heechst twa oant trije persint oan de ein fan de ienentweintichste iuw. Mar it effekt op it tal Alvestêdetochten sil folle grutter wêze, meidat ien of twa dagen ekstra froast no just krekt faak it ferskil útmakket tusken it al as net trochgean fan in Alvestêdetocht.

Animaasje fan it blokkearjende hegedrukgebiet by de lêste Alvestêdetocht. Derop klikke as it plaatsje stilstiet. Boarne: KNMI

Lykas bekend komt it opwaarmjen fan de Ierde troch de útstjit fan broeikasgassen dy’t de waarmte fan de sinne yn de atmosfear fêsthâlde. Dat broeikaseffekt kin hjoed-de-dei mei satelliten metten wurde. Dy mjitte nammentlik hoefolle waarmtestrieling oft deryn komt, dat bliuwt itselde, en hoefolle der wer útgiet, en dat is minder trochdat broeikasgassen yn de atmosfear de waarmte opnimme en ek omreden fan tebekrinnende wjerkeatsing as gefolch fan ôfnimmende snie- en iistekken. Ut it ôflûken fan de útgeande fan de ynkommende strieling folget de opwaarming. No docht bliken dat dy fiks oanboazet. Om 2005 hinne wie de opwaarming 0,4 Watt de kante meter (W/m2) en yn 2019 wie dy al 1,1 W/m2; dat is dus omtrint trije kear safolle. En it liket derop dat it de lêste pear jier nóch hurder gien is mei it tanimmen fan it opwaarmjen. Dat, it is de fraach of takomstige modelberekkeningen ek net noch wer ûngeunstigere útkomsten sjen litte sille wat de kâns op in Alvestêdetocht oanbelanget.

Lês folle mear oer de klimaatkrisis yn it Klimaatdossier fan It Nijs.

jannewaris 13, 2023 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.