Janko Krist: Film Stjer wie flop

jannewaris 26, 2023 08:00

Dizze wike publisearje we it offisjele ferslach fan de Krystkongreskommisje. Op 28 desimber 2022 kamen Fryske studinten, lykas alle jierren yn de krystfakânsje, moai machtich nei de akademystêd Frjentsjer om yn De Bogt fen Guné harren krystkongres te hâlden. It njoggentichste kongres hie Stjer fan Fryslân as tema. Yn dizze rige fan fjouwer ferslaggen leit de klam op de ynhâld fan de taspraken dy’t dêr holden binne. Wy publisearje se sprekker foar sprekker. Dizze kear Janko Krist.

Klik op ûndersteande nammen om de bydragen fan dy trije sprekkers te lêzen:
Gerrit Hiemstra, Ids Willemsma en Femke Wiersma

Janko Krist begûn syn ferhaal mei dat er it opfallend fynt dat er mei ‘jo’ oansprutsen wurdt. Hy hat dy moarns noch spuid fan de drank, dat sa fier stiet er net fan studinten ôf. ‘Jo’ is dus net nedich. Krist is bekend fan de telefyzje, sawol yn Fryslân as ek wol yn Nederlân. Hy sil prate oer twa libbenslessen.

Foto It Nijs

Libbensles 1 is dat it net útmakket hoefolle oft men mislearje lit. Minsken ûnthâlde wat men goed docht. Hy neamt in hiele rist oan suksessen op, dêr’t de measten yn it publyk befêstigjend nei knikke. Hy hat wurke foar Hea! by Omrop Fryslân en foar grutte spilers yn Nederlân, lykas SBS, MAX, de KRO-NCRV, ferskate ministearjes en hy is in goeie kammeraat wurden fan Emiel Stoffers fan de Hûnekop troch de film Stjer, in grut sukses yn Fryslân.

Mar dan neamt er ek in list mei dingen dy’t mislearre binne. Krist is twa kear sitten bleaun, waard ôfwiisd by de Omrop op it staazjeplak dêr’t er foar sollisitearre hie. Alle grutte nammen yn Nederlân hawwe allinnich mar foar him keazen om’t er it tichtste by wenne en hy krige mar in hongerleantsje as salaris. Projekten en dokumintêres binne net trochgien nei wiken en moannen fan wurk, en boppedat wie Stjer bûten Fryslân in gigantyske FLOP, bûten de provinsje hawwe acht (net-Frysktalige) minsken de film sjoen.

Byld út de film Stjer. Foto: Stjer Media

Al mei al wol er oanjaan dat men jin net blyn stoarje moat op wat mislearret – want der geane altyd wol dingen mis – mar sjen moat nei wat goed giet en ynsette op wat wol slagget.

Libbensles 2 is dat it selsbyld fan de measte minsken net doocht. Krist tinkt dat dat boadskip foaral jildt foar de studinten yn de seal. Oan ’e hân fan in filmke oer in kompjûterspultsje dêr’t it hiele libben foarm jûn wurde kin, fertelt er dat it selsbyld wat immen no hat, yn de takomst net doocht. De takomst is sa oars as no. Bygelyks skills út boekjes dy’t no op skoalle ûnderwiisd wurde, dêr hat men yn de takomst hast neat oan, it sil nea wer frege wurde. En de stakes binne letter yn it wurksume libben ek folle heger. Min prestearjen hat dan folle mear impact as dat it no hat. Dêrom is de konklúzje dat (jonge) minsken kieze moatte foar de lange termyn: wat fynst moai; wurd dêr goed yn.

Moarn fierder mei Femke Wiersma.

jannewaris 26, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.