Jan Schokker: Glûpertfûgel
Resint ferskynd
Kollum
Bob hie in Schokker wêze kinnen. Eigenwiis as myn bruorren, stiifkoppich as myn soannen, sterk as myn omkes, slûchslim as alle froulju fan ús slachte en bytiden krekt sa ûnnoazel as dizze skriuwende Schokker. Bob hat lykwols op syn minst ien eigenskip dy’t net yn ús famylje foarkomt: hy is neuroatysk. No ja, yn de oantroude fleugel sitte der faaks guon mei dy oanwenst.
Bob, de hûn fan ús dochter, is in beagle. Hy is oardel jier âld en nei alle gedachten hat er in tige traumatysk libben efter him lizzen. Hy siet in set yn in laboratoarium; wêr’t er krekt foar brûkt is wolle wy leaver net witte. De útdaging no is om him in noflik libben te besoargjen en him te behoedzjen foar mear ellinde. De dochter is ferskriklik wiis mei him en Bob wurdt dan ek yn ’e grûn bedoarn. It is in feest as wy ien kear yn ’e wike op Bob passe meie, mar lykas tiisdeis mei de fjouwer pake- en beppesizzers nei skoaltiid oer de flier, binne wy op ’e ein fan ’e dei skjin ynein. Miskien noch wol mear.
Trije kear deis rinne wy in ein mei Bob de dyk út, dat wol sizze de Kiekenberch op en de Lytse Kiekenberch wer ôf. Bob hat dan de gong der flink yn, behoarlik mear as wy. It is mar in behindich gedrocht, mar dy fûgel hat de krêft fan in Frysk hynder. Algeduerigen set er syn spiersterke poaten yn om alderhande spoaren te folgjen. Oeral en alles moat er snuffelje en benoaskje, oeral en alles moat er tsjinoan mige. Sa hat er de natuer yn ús omkriten it lêste healjier in ûnlijige ynjeksje jûn. No ja, syn stront fange wy op en dy wurdt ôffierd nei it lab fan de gemeente.
Wat in enerzjy hat sa’n hûntsje, hy hat gjin beroai. Inkeldris geane wy mei him hjir troch it lân. Soks is hast net te dwaan, want wy doare him net los te litten. Deabenaud dat er útnaait. Men moat him hieltiten wer yn ’e gaten hâlde. It iene stuit brûst er sa fan de iene nei de oare kant om in spoar te folgjen, in oare kear rint er midden op ’e dyk en lit er him wer liede troch wat oars. In oaljespoar, betink ik dan mar.
We mochten in wike op him passe. Feest! Moarns betiid derút, wylst alle loaie Aldhoarnsters noch op ien kant leine. We troffen it net mei it waar, en om’t it noch tsjuster wie oan it Sevenaerpad en de kleur fan stront suver gelyk wie oan it ljochtbrune fan de fallen blêden fan de Quercus Robur dy’t hjir yn in rige steane, moast ik it strontreagjen útstelle nei in folgjende sesje. Dan letter mar yn in pûdsje skowe en miskien in lantearne meinimme en ek in bettere proteze foar de eagen.
Nachts woe Bob him mar min deljaan. Ik hie betocht dat er wol yn de bykeuken sliepe koe, mar dat wie mynhear alhiel net nei ’t sin. Iksels bin jûns samar yn it lân fan de djip en lang sliepende, mar de frou hie Bob noch in skoft heard, drok dwaande om de swarte laklaach fan de bykeukensdoar ôf te skrabjen mei syn hurde lange neilen. Letter bliek dat Bob alle nachten by de dochter yn de sliepkeamer leit, dy glûpert.
Noch sawat. Myn frou is hiel grutsk en bliid mei de nije ljochtgrize learen bank. Sa krije op húswardersdei de beppesizzers faker as ien kear te hearren dat se net mei it iten, net mei de skuon en al hielendal net mei-inoar tsiere en fjochtsje meie op ús moaie nije bank. Mar wa siet der, doe’t ik tongersdeitejûn let fan in toanielrepetysje thúskaam, stronteigenwiis as in prins karnaval hearlik njonken de frou op ’e bank? Sa grutsk as in Frysk hynder! Rjochtop siet er. En hy gniisde. En ik lilk, sa’n dier moat fansels syn plak wol witte. Of wie it jaloerskens om dy womanizer? Nei in pear lêste strjitsjes om troch de buorren lykwols en meidat ik syn poaten skjin makke mei in doek, kroep er my wer moai efkes oan. Dy skat.
Noch gjin healoere letter wie er poerlilk dat er wer allinnich yn de bykeuken sliepe moast. Dy glûpert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje