Jan Bosgraaf: (Ule)soarchferliening

jannewaris 21, 2023 08:00

Kollum

Yn it algemien wurdt der yn ús lân goed foar bisten soarge. Nêstbeskerming en neisoarch foar de greidefûgels. Opfangsintra foar hast alle soarten bisten dy’t wat mankearje. Fan seehûnen oant ychelbargen. Hoefolle bistesikeweinen ride der wol net yn ús lân? En hoefolle organisaasjes binne der net, dy ’t har ynsette foar it wolwêzen fan bisten? Soks is perfoarst net ferkeard, want dy bisten kinne net foar harsels opkomme. Al wol in hûn noch wolris immen tenei komme. En mei in bolle bliuwt it ek altyd útsjen. Mar oer it algemien binne de measte bisten minskefreonen. It omkearde jildt lykwols net yn alle gefallen.

Om’t der yn Fryslân wylde katten ôfsketten wurde meie, die Dier&Recht de provinsje in proses oan. Fan de bestjoersrjochter krige de provinsje gelyk, dat Dier&Recht stelde heger berop yn. Want it ôfsjitten fan wylde katten is wreed, net mear fan dizze tiid (noch krekt net midsiuwsk) en net nedich. Alteast neffens Dier&Rjocht. Dêr is in feriening fan fûgeltellers en ‑ûndersikers it lykwols net alhiel mei iens, omdat dy wylde katten aardich regaad meitsje yn it greidefûgelbestân. Sifers fan de universiteit fan Wageningen wize út dat alle katten yn ús lân jierliks wol 18 miljoen fûgels opfrette.

Foto: pixabay.com

Dêr is in tsjerkûle yn Rotterdam lokkich oan ûntkommen. Ut it ferhaal fan dy tsjerkûle blykt, hoefolle noed oft wy foar ús swimmende, rinnende, krûpende en yn dit gefal fleanende mei-wrâldbewenners hawwe. Der waard konstatearre dat de kop fan it wize bist wat frjemd op ’e romp stie. No kin soks by in ûle al gau, want troch de 14 wringen yn syn nekke kin er syn kop 270 graden draaie of ûnderstboppe keare. Mar de kop fan dizze ûle bleau yn dy frjemde stân stean. De diagnoaze wie, dat it bist torticollis hat. Noch nea fan heard? Ik ek net! It is in ferdraaide nekke. Gjin draainekke, want dat is in fûgel út de famylje fan de spjochten. By in ferdraaide nekke stiet de holle wat skeef op ’e romp.

Minsken hawwe der inkeldris ek lêst fan. Dat binne dan gjin skeefnekken, want dêrmei wurde oerdreaun fromme persoanen oantsjut. Mar werom nei de tsjerkûle yn Rotterdam. It bistje freegje, hoe’t er oan dy ferdraaide nekke kommen wie, hie gjin doel. Hoe wiis oft er ek is, hy (of sy) koe it dochs net fertelle. Wat syn fersoargers ek besochten om de kop wer yn de natuerlike stân te krijen, it slagge harren net. Se sieten mei de hannen yn it hier. Yn dit gefal, yn ’e fearren. Wat no? Wat wie (ûle)wiisheid? Se rôpen de help fan in bistefysioterapeut yn. Ja, dy binne der ek. Fûgels hiene al faker baat by syn fysioterapy hân. De ûle kriget no fysio- en laserterapy. En tusken de terapeutyske behannelingen troch wurdt alle dagen it tinne nekje fan it bist massearre. It is suver om jaloersk op te wurden. Want wa wol no net alle dagen leafdefol massearre wurde as er in pynlike en stive nekke hat? Is it dan frjemd as ik my ôffreegje hoe folle tiid oft der ferrinne sil ear’t ik sa’n behanneling krij as ik in ferdraaide nekke haw? En ek wêr’t ik dy dan fan myn soarchfersekerder krije kin?

Dy soarchfersekerders, dy fan my ek, diene yn desimber alle war om klanten foar harsels te winnen. De iene wie noch better en foaral goedkeaper as de oare. No wie it de tiid om fan soarchfersekerder te feroarjen. Dêr wie gâns wat jild mei te besparjen. Efternei besjoen holden se ús in woarst foar en makken se se ús bliid mei in deade mosk en hiene wy, as we oerstapt wiene, in kat yn ’e sek kocht. Want yn jannewaris die bliken dat dy soarchfersekerders mei in soad grutte soarchferlieners, lykas sikehuzen, noch gjin oerienstimming oer in nij kontrakt foar 2023 hiene. Mei de kâns dat wy, harren klanten, aanst mooglik net nei it sikehûs kinne dat it tichtste by is. Of dat we fan de soarchferliener de rekken krije en sels mar sjen moatte om de kosten fan de fersekerder fergoede te krijen. Wylst we alle moannen al in hânfol jild oan preemje kwyt binne. Dêr hoegde dy tsjerkûle him (of har) alhiel net om te bekroadzjen. Soargje wy yn ús lân no njonkelytsen better foar de bisten as foar de minsken?

jannewaris 21, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.