It is wer de tiid fan de fuotbalblessueres
Resint ferskynd
Nei de fakânsjeperioade wurdt wer folop sport. Mar nei in ‘rêstperioade’ moat men wol útsjen as men wer fol te kear giet op it fuotbalfjild. As men net rêstich opbout, dan lizze blessueres op ’e loer. Independer brocht op basis fan data fan de KNVB, UEFA en de FIFA de meast foarkommende fuotbalblessueres yn kaart. Foaral in skuor yn spier of meniskus bedjert de fuotbalwille.

Foto: pexels.com
Tubbergen is dé fuotbalgemeente fan Nederlân
Yn it Twentske Tubbergen is mar leafst 16,2% fan de ynwenners fuotballid. Op it dield twadde plak steane Dinkelland (opnij Oerisel) en Sint Anthonis (Noard-Brabân) mei 13,5% fan de gemeente. Yn de top tsien steane fiif Brabânske en fjouwer Oeriselske gemeenten. Dy wurde oanfolle troch It Amelân, dêr fuotballet 11,8% fan de befolking. Underoan stiet Lelystêd mei ‘mar’ 3,5% fan de befolking as aktyf fuotballid.
Hjir is te sjen hoefolle fuotballers der yn jo gemeente binne.
KNVB sjocht wer groei yn tal (froulike) leden
De KNVB sjocht ek wer in groei yn it tal leden nei in koroanadip. Yn it seizoen 2020/2021 naam it tal mei 3% nei hast 1,2 miljoen leden ta. Fuotbaldistrikt West 1 is it grutst mei hast 260.000 leden, folge troch distrikt East mei hast 252.000 leden. It tal froulike KNVB-leden naam mei 4,9% nei in oantal fan hast 170.000 ta. Waadeilân Flylân is koprinner, dêr is 5,3% fan alle froulju fuotballid, folge troch it Brabânske Zundert mei 5,2%. “It is fansels hiel lekker om te fuotbaljen. Mar mocht men ûnferwachte in blessuere oprinne, dan kostet in behanneling by de fysioterapeut al gau fjirtich euro. Mar de measte oanfoljende fersekeringen fergoedzje in stikmannich behannelingen. Sjoch dus goed yn de polis fan jo fersekering”, leit Independer-soarchekspert Bas Knopperts út.
Fuotbalblessueres
Wat de meast foarkommende blessueres by it fuotbaljen binne, wurdt op amateurnivo net byholden, mar op profnivo wol. Oer de jierren waarden wrâldwiid troch alle ynternationals de measte wedstriden mist troch in skuor. It giet om goed 23.500 wedstriden yn totaal. Foaral in skuor yn in spier of de meniskus kaam faak foar. Of in bonkebrek, in ferrekking en in operaasje wiene yn in protte gefallen de oarsaak fan it missen fan in wedstriid. “Dat binne fansels enoarme oantallen, mar yn it amateurfuotbal lizze dy oantallen spitigernôch noch heger. Ik advisearje de hast 1,2 miljoen Nederlanners dy’t fuotbalje om goed nei te tinken oer de soarchfersekering. Soms kin in oanfoljende dekking foar fysioterapy hiel ferstannich wêze en op de lange doer sels jild besparje”, leit Knopperts út.
Oanfallers it faakst de klos
Spesifyk sjoen nei de posysje dy’t fuotballers op it fjild hawwe, docht út de blessueredata bliken dat foaral oanfallers oppasse moatte. Dy rinne mei in trochsneed fan 7,7 it faakst in blessuere op. Ferdigeners lykje yn trochsneed swierdere blessueres te hawwen; hja misse de measte wedstriden troch blessueres. Foaral doelmanlju en -froulju komme der goed ôf: hja reitsje 38% minder faak blessearre as de trochsneed fuotballer.
Sjoch hjir foar in oersjoch fan de meast foarkommende blessueres: www.independer.nl/zorgverzekering/info/onderzoek/voetbalblessures.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje